Prinsetún yn Ljouwert giet ticht by drokte

29 maaie 2020 - 11:44

Der komme fan freed ôf befeiligers by de tagongen fan de Prinsetún yn Ljouwert, om te bepalen oft der noch plak is foar minsken dy't it park yn wolle. It is ien fan de maatregels dy't de gemeente Ljouwert treft tsjin de drokte.

De gemeente fernimt dat it yn Ljouwert en Grou hieltyd drokker wurdt. Om derfoar te soargjen dat minsken wol oardel meter ôfstân hâlde, komme der ferskate maatregels yn de Prinsetún en de binnenstêden fan Ljouwert en Grou. Direkte oanlieding foar dy maatregels is de drokte yn it ôfrûne Himelfeartswykein.

Prinsetún yn twa parten ferdield

De Prinsetún wurdt yn twa parten ferdield, dy't ôfsletten wurde mei dranghekken. Minsken kinne de Prinsetún allinnich noch mar yn by bepaalde yngongen. Befeiligers moatte bepale oft it te drok wurdt. Dan wurde de yngongen tydlik ôfsletten. De regels jilde it kommende pinksterwykein en op de dagen dat it moai waar wurdt.

De plysje kontrolearret yn de Prinsetún - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Dêrnjonken binne der rinrûtes op de Nijstêd en de Wurdumerdyk. En as it te drok wurdt yn de Lytse Tsjerkestrjitte, de Lombardsteeg en de Doelesteech, dan wurdt dat ienrjochtingsferkear. Dat wurdt dan bepaald op basis fan hoe drok oft it is.

Flyers foar toeristen yn Grou

Omdat it yn Grou ek drok wie yn it Himelfeartswykein, benammen op en lâns it wetter, komme der buorden om minsken derop te wizen dat se ôfstân fan elkoar hâlde moatte. Der komme flyers yn trije talen, sadat toeristen út it bûtenlân ek begripe wat de regels binne.

(advertinsje)
(advertinsje)