Fêste plakken ferdwine op gemeentlike camping op 'e Lemmer

De gemeentlike camping oan de Plattedijk op 'e Lemmer moat folslein toeristysk wurde. Dat fynt it kolleezje fan de gemeente De Fryske Marren. In toeristyske camping is it bêste foar de takomst en it soarget der ek foar dat de camping foar in breed publyk tagonklik is, seit wethâlder Irona Groeneveld.
De gemeentlike camping oan de Plattedijk op 'e Lemmer © Google Street View
De camping begûn oan it begjin fan de jierren 70, mar foldocht op it stuit net oan de feilichheids- en kwaliteitseasken fan no. It sjit tekoart op it mêd fan brânfeiligens, sanitêr, regeljouwing en hanthavening, blykt út ûndersyk.
Dêrom moat it terrein, dêr't no plak is foar 280 fêste plakken en 30 toeristyske plakken, opnij ynrjochte wurde. De gemeente hat in advysburo frege om te sjen nei de mooglike senario's. Dêrby is ek sjoen nei de winsken fan de fêste gasten. Dy wolle graach harren plak behâlde, mar binne it dermei iens dat der wat gebeure moat.

Fêste plakken ferdwine

De lokaasje is geskikt foar rekreaasje en toerisme. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders sjocht dêrom it measte yn in folslein toeristyske camping, en net yn de farianten mei fêste plakken. De fêste campinggasten binne ynformearre dat har plakken ferdwine. It kolleezje wol de oerienkomsten op 1 novimber 2021 beëinigje en dan de feroarings ynfiere.
Der lizze no fjouwer senario's. Belutsenen kinne noch sjochwizen yntsjinje en de gemeenteried moat ek noch te set oer it foarstel fan it kolleezje. It beslút falt nei de simmerfakânsje.