Hasto jildfragen yn coronatiid? Stjoer se yn en krij antwurd fan dizze ekonome

Yn ús radioprogramma De middei fan Fryslân jout de Ljouwerter ekonome Erica Verdegaal in oere lang antwurd op al dyn jildfragen. Op woansdei 3 juny is sy te gast yn it radioprogramma fan Omrop Fryslân, fan 13.00 oant 14.00 oere. Stel dyn fraach live oan har! Maile mei ek, en dat kin no al: doch dat dan nei radio@omropfryslan.nl.
© Erica Verdegaal
It coronafirus slacht hurd ta yn ús húshâldboekje. Undernimmers sjogge harren bedriuwen kopke-ûnder gean, zzp'ers reitsje opdrachten kwyt en ek de wissichheid fan in fêste baan is foar guon sa wis net mear. Mar der is ek in oare kant: djoere bûtenlânske fakânsjes wurde ôfsein, en wy hâlde mear jild yn 'e beurs omdat we moannen lang neat útjaan koene. It paad bjuster yn dizze finansjele gaos? Stjoer dan dyn fragen yn.