FIDEO: Troch de útfining fan Bas Reedijk hâlde wy drûge fuotten

De Ofslútdyk wurdt op it stuit hielendal belein mei 75.000 saneamde Levvel-blocs. Dizze betonblokken moatte de dyk beskermje tsjin de weagen fan de Waadsee. De namme Levvel stiet foar 'Lely's Erfgoed Veiliggesteld' en de blokken wurde produsearre yn Harns. It bysûndere oan it Levvel-bloc is de foarm. Bas Reedijk is de útfiner fan de blokken. De fassinaasje foar de striid tsjin it seewetter siet der al betiid yn by Reedijk.
FIDEO: Troch de útfining fan Bas Reedijk hâlde wy drûge fuotten
De kommende fjouwer jier ûndergiet de Ofslútdyk in flinke ferbouwing. De dyk wurdt fersterke en ferhege om Nederlân ek yn de takomst te beskermjen tsjin it seewetter. Yn 32 reportaazjes, likefolle as it oantal kilometers fan de Ofslútdyk, fertelle Omrop Fryslân en NH Media it ferhaal fan it ikoanyske bouwurk troch de eagen fan de minsken dy't alle dagen mei de dyk te meitsjen hawwe. Alle ferhalen en it oare nijs oer de Ofslútdyk is te finen op ús temaside.