Achtkarspelen lilk om ferdieling sneltreinstops: "Dit is sa ûnlogysk"

29 maaie 2020 - 06:03

It kolleezje fan de gemeente Achtkarspelen moat mear syn bêst dwaan om de ekstra sneltrein halt hâlde te litten yn Bûtenpost. De folsleine ried wol dat wethâlder Max de Haan in brief stjoert nei de belutsen partijen om oan te jaan dat Achtkarspelen it der net mei iens is dat beide sneltreinen yn 'e oere aanst halt hâlde yn Feanwâlden, en mar ien fan beiden yn Bûtenpost.

It stasjon fan Bûtenpost - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Haan moat dy brief stjoere nei de gemeenten Noardeast-Fryslân, Dantumadiel, Tytsjerksteradiel en Westerkwartier, nei de provinsjes Fryslân en Grinslân en nei ferfierder Arriva.

Feanwâlden, Bûtenpost en Zuidhorn

Op it stuit rydt der ien sneltrein yn 'e oere tusken Ljouwert en Grins, dy't tuskentroch allinnich yn Bûtenpost stilstiet. Ein dit jier komt der in twadde sneltrein yn 'e oere by. Fan dan ôf hâldt de iene sneltrein halt yn Feanwâlden en Bûtenpost, de oare yn Feanwâlden en Zuidhorn. Dêr binne se yn Bûtenpost en omkriten net bliid mei. De sneltrein soe net twa kear halt hâlde moatte yn Feanwâlden, mar yn Bûtenpost.

Hjir sit folle mear achter, der binne we lilk om. Feanwâlden sil en moat alles hawwe.

Jacob Zwaagstra fan it CDA

"Dit beslút is sa ûnlogysk", sei Jacob Zwaagstra fan it CDA. "It drûpt der gewoan fanôf dat Feanwâlden it ha moat. Hjir sit folle mear achter, der binne we lilk om. Feanwâlden sil en moat alles hawwe."

Neffens de riedsleden fan Achtkarspelen hat Bûtenpost as regiokearn yn Fryslân in folle grutter efterlân as Feanwâlden. Ek foar reizgers út bygelyks Kollum en Surhústerfean is it stasjon fan Bûtenpost wichtich.

'Feanwâlden leit geunstich'

Dat der keazen is foar Feanwâlden, hat dermei te krijen dat dat doarp goed leit foar de kearnen Dokkum en Burgum, is it argumint. Dêr soe in soad potinsje yn sitte. Boppedat leit Feanwâlden geunstich oan de Sintrale As. Dat stiet allegear yn it offisjele stânpunt fan ANNO, in earder gearwurkingsferbân fan de gemeenten Noardeast-Fryslân, Dantumadiel, Tytsjerksteradiel én Achtkarspelen.

De ried fynt it frjemd dat it kolleezje fan Achtkarspelen ynstimd hat mei it plan fan ANNO. "Bûtenpost hat folle mear ynstappers as Feanwâlden", seit Zwaagstra. "We binne dêrom lilk dat it kolleezje samar ynstimd hat mei de ekstra stop yn Feanwâlden. En wêrom hat it kolleezje ús net earder ynformearre? Dit leit hjir gefoelich."

"Earlik sein wie it kolleezje ek net earder op de hichte fan dizze ûntwikkeling", sei wethâlder De Haan. "It wie direkt dúdlik dat de provinsje keas foar Feanwâlden, dat stie al fêst. Wy waarden foar in foldongen feit steld."

Nei twa jier evaluearje

Der is al wol ôfpraat dat der oer twa jier in evaluaasje komt. Dêr freget de ried om yn de moasje. Achtkarspelen hie dat ek al ôfpraat mei de oare gemeenten en de provinsjes. De Haan: "Mei dy evaluaasje op basis fan sifers as betingst binne wy akkoart gong. As we hjir mear ynstappers ha as yn Feanwâlden, dan meitsje we ús der hurd foar dat dy ekstra stop hjir yn Bûtenpost komt."

De Haan krijt fan de ried oant tiisdei om in brief te skriuwen en te ferstjoeren, wêryn't er dus út namme fan Achtkarspelen witte lit dat de gemeente it net iens is mei de plannen sa't dy der no lizze.

De ekstra sneltrein tusken Ljouwert en Grins rydt mei yngong fan 13 desimber dit jier.

(Advertinsje)
(Advertinsje)