Coronakeunst yn Warkum: "It is tiid om dy as keunstner te uterjen"

Op De Merk yn Warkum stiet in fiif meter grut keunstwurk fan keunstner Henk de Boer. It wurk bestiet út in skilderij mei in gedicht. De Boer hat noch twa keunstwurken makke; ien foar syn hûs en ien in eintsje fierderop. Neffens de keunstner is it no de tiid foar keunstners om harren wurk nei bûten te bringen en dy as keunstner te uterjen.
© Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
De Boer is ek bekend fan de Pimelfontein, mar hat no in coronakeunstwurk makke. By de skilderijen hearre gedichten. Hy kaam op it idee om't hy frege waard om wat te meitsjen foar Fryslân fan Boppen. Doe hat hy dit keunstwurk makke. Om't minsken der graach nei sjogge yn dizze tiid, stiet it der noch hieltyd. De Boer hat al ferskate briefkes yn syn bus krigen mei moaie reaksjes.
Asto it krijst
en it giet my foarby
hie ik dan noch de tiid
om dat tsjin dy te sizzen
wat ik altyd nochris sizze woe?
As ik it hie
en do wiest derfan frij
hiesto dan wol de moed
om dat wat nea sein is
noch tsjin mij te sizzen? Of..
As we beide hjir trochhinne komme,
bliuwt it dan stil
omdat der wer tiid genôch is om te swijen.
Eins soe tongersdei syn teäterstik mei de Paupers yn premjêre gean, mar dat is útsteld oant 1 septimber. It wurdt in soarte fan foarbyldpremjêre yn oparbeidzjen mei de gemeente. In foarbyld foar hoe't sokke foarstellingen neffens de coronaregels kinne mei publyk. It stik 'Untskepping' fan de Paupers is te sjen tusken 1 oant en mei 19 septimber.
Reaksjes fan foarbygongers yn Warkum
Henk de Boer © Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek