Eask: 255 dagen jeugddetinsje foar jongste fertochte (14) stekpartij Drachten

28 maaie 2020 - 20:23

Tsjin de jongste (14) fan de twa fertochten, dy't belutsen wiene by de stekpartij ein ferline jier yn Drachten, is 255 dagen jeugddetinsje easke. Dêrfan binne 200 dagen ûnder betingst. By de stekpartij kaam de 16-jierrige Roan Brilstra om it libben. De rjochter docht op 11 juny útspraak.

Foto: ProNews

De saak tsjin de twadde fertochte, dy't de stekken by Roan oanbrocht, giet op 24 juny wer fierder. Dat hat de rjochter tongersdei bepaald.

Kâns om fuort te rinnen

Neffens de offisier fan justysje hiene de beide fertochten alle kâns om fuort te rinnen by de konfrontaasje mei Roan Brilstra. Mar se keazen der dochs foar om de konfrontaasje oan te gean.

De beide jonges hienen foar harren plannen in mes meinommen. Dat gie op dy jûn oer fan de ien op de oar. Uteinlik wie it de âldste fan de twa dy't Roan stuts. Mar de offisier achtet de jongste mei-skuldich oan de deaslach fan Roan en de berôving. "Als jij een mes meeneemt en het vervolgens ook nog afgeeft om te gebruiken, dan ben jij ook medeverantwoordelijk voor wat er vervolgens met het mes wordt gedaan", sa sei se.

Deadlike stekpartij

Op sneintejûn 22 desimber 2019 troffen de jonges elkoar yn de binnenstêd fan Drachten foar kafee Pietje Bel. Dêr rûnen de emoasjes heech op. De twa jonges foelen fan efteren oan. By dy konfrontaasje waard Brilstra deadlik troffen.

(advertinsje)
(advertinsje)