Tredde nêst mei see-earnen op geheime lokaasje

28 maaie 2020 - 18:48

Der is in tredde plak yn Fryslân dêr't see-earnen nestelje. It Fryske Gea wol lykwols net sizze wêr't dat tredde plak is, om de fûgels en it jong net te steuren.

Byld fan de kamera yn De Alde Feanen - Foto: It Fryske Gea

Yn de Alde Feanen hawwe see-earnen dit jier twa jongen krigen. Dêr briede de rôffûgels no foar it fjirde jier achter elkoar. Yn de Koudumer bosk by De Fluessen hat in spantsje see-earnen dit jier ek twa aaien útbret. Ferline jier smiet it nêst ien jong op.

Kamera's

It Fryske Gea hâldt de nêsten kontinu mei kamera's yn de gaten, om derfoar te soargjen dat de see-earnen net steurd wurde by it grutbringen fan de jongen. De bylden binne online te sjen.

"It tredde pear sit op it nêst, der is ien jong berne en it sil noch in wike of trije duorje foar it fleane kin. It is hiel wichtich dat dizze fûgels rêst krije, benammen yn it earste jier. It is in nij plak foar de earnen. Trije pearkes sitte op it terrein fan It Fryske Gea. It is hiel goed dat der wer mear bykomme, want sy wiene hjir útstoarn en binne noch net hiel lang werom hjir. De soart is him hjir wer oan it fêstigjen," seit distrikshaad Germ van der Burg fan It Fryske Gea. "Der moatte rêstige plakken wêze mei genôch fretten. Dy binne der wol by de Fryske marren."

Distrikshaad Germ van der Burg fan It Fryske Gea

Trefwurden: 
it Fryske Gea see-earnen
(advertinsje)
(advertinsje)