Toeristyske ûndernimmers optimistysk oer simmer, nettsjinsteande corona

Toeristyske ûndernimmers yn Fryslân binne optimistysk oer de simmer, nettsjinsteande de coronakrisis. Se hiene in minne start fan it seizoen, mar it begjint no te rinnen. De measte minsken yn Nederlân geane mei fakânsje yn eigen lân en dat is te fernimmen. Mar bûtenlânske toeristen komme net, seit direkteur Martin Cnossen fan marketingorganisaasje Merk Fryslân.
Auke: merk Fryslân
De ôfrûne twa moannen wiene foar de toeristyske ûndernimmers dramatysk, mei in omsetferlies fan yn trochsneed 35 persint. De grutste pine sit by de hoareka, dy't nije wike wer iepen mei, mar ûnder strange maatregels. Ek de campings dogge it min, omdat de húskes en dûsen net brûkt wurde meie. Foar de campings is de takomst dêrom noch tige ûnwis.

Soad boekingen bûtenút

Cnossen sjocht dat der foar de simmer in soad boekingen binne by de akkommodaasjes, foaral bûtenút. Yn 'e stêd giet it noch net sa hurd. Nei de simmer stoart it tal boekingen totaal yn, sa is de ferwachting, omdat der gjin bûtenlanners komme.