Bakkefeanster (34) krijt wurkstraf foar pleatsen kamera yn dûs

28 maaie 2020 - 17:50

In man fan Bakkefean (34) hat in wurkstraf fan 50 oeren krigen om't er stikem in fideokamera ophongen hie yn de dûs fan it hûs dêr't er wenne mei syn doetiidske freondinne. In freondinne fan dy frou ûntduts de kamera doe't sy nei it dûsen in handoek pakke woe.

De rjochtseal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De kamera siet ferstoppe tusken de handoeken. De fertochte sei dat er mei de kamera in ympuls jaan woe oan it sekslibben fan him en syn freondinne, om't dat net goed wie.

De plysjerjochter giet derfan út dat der net mei de kamera filme is. Dêrom bleau it by in wurkstraf fan fyftich oeren. De man hat yntusken sels help socht.

(advertinsje)
(advertinsje)