Princessehof 'Hol en Bol': ûnderdompele yn de wrâld fan keunstner Escher

Yn Keramiekmuseum Princessehof wurdt op it stuit drok wurke oan in bliuwende tentoanstelling oer M.C. Escher (1898-1972). It plak is it bertehûs fan de keunstner. Grutte lûker moat in spesjaal keunstwurk wurde, makke troch street art-keunstner Leon Keer.
Princessehof 'Hol en Bol': ûnderdompele yn de wrâld fan keunstner Escher
Hy is dwaande mei it beskilderjen fan de kelder op in wize dy't ynspirearre is op it wurk fan Escher. Keer is gjin ûnbekende yn Ljouwert. Hy makke earder al de 3D-keunstwurken op de grûn yn it sintrum fan Ljouwert by de Escher-tentoanstelling yn it Fries Museum.
Ferslachjouwer Wendy Kennedy yn Keramiekmuseum Princessehof
"Ik heb me laten inspireren door het werk Hol en Bol (1955). Daarin gebruikte Escher elementen om te te laten zien dat je in een ruimte af en toe een holle variant en af en toe een bolle variant kan zien. Of vanaf de hoogte maar ook vanaf de diepte. Een hele rare optische illusie. Hetzelfde gevoel probeer ik in de ruimte terug te laten keren", sa fertelt Leon Keer.

Fan twadiminsjonaal nei it echt

It is noch in hiele útdaging. Hy makket al oardel wike hiele lange dagen om it wurk klear te krijen. "Je hebt een tweedimensionale tekening voor je op een papiertje. Maar hier zit je met zoveel hoeken en schuine wanden: een rechte lijn tekenen is heel lastig." Yn de kelder binne fjouwer spesjale punten dêr't alles it moaist te sjen is. "Hier komen alle lijnen samen."
Fan 20 juny ôf is de nije tentoanstelling mei dizze saneamde Escher experience tagonklik foar publyk.
Rûngong troch Escher