Earste fytsrûte yn ramt fan WaddenAgenda 2.0 offisjeel oerlange

Merk Fryslân hat de earste fytsrûte yn it ramt fan it projekt WaddenAgenda 2.0 presentearre. Martin Cnossen, direkteur fan Merk Fryslân, hat 'Rondje Holwerd' tongersdei offisjeel oerlange oan Jelle Boerema, wethâlder fan Noardeast-Fryslân. De rûte is der kaam mei op inisjatyf fan de stifting Holwert oan See, yn gearwurking mei lokale ûndernimmers en minsken dy't yn de streek wenje.
F.l.n.r.: Jan Zijlstra, Jelle Boerema, Martin Cnossen © Thomas Vaer
Merk Fryslân organisearre yn 2019 en 2020 twa 'Cultuurcafés' foar lokale belutsenen om in rûte yn Noardeast-Fryslân te ûntwikkeljen wêrby't de toerist en ynwenners fan Fryslân it gebiet echt kennen leare. De rûte giet ûnder mear del by de Waadseekust en it besikerssintrum fan Hegebeintum.

Noch seis rûtes

It is de earste rûte fan Merk Fryslân dy't op dizze wize ta stân kaam is. It is de bedoeling dat der ein takom jier op syn minst seis rûtes ûntwikkele binne foar it Waadgebiet. Ek dan wurdt wer de help fan lokale ûndernimmers, bewenners, ûnderwiis en natuer- en kultuerorganisaasjes ynskeakele, om't sy it gebiet it it bêste kenne.
"Wy fine it wichtich om projekten as Holwert oan See te stypjen. We dogge dit mei it ûntwikkeljen fan dit soart rûtes en troch te betinken hokker oanbod mei it each op Holwert oan See der yn de takomst wêze kin", seit Martin Cnossen, direkteur fan Merk Fryslân.
Jan Zijlstra fan stichting Holwert oan See: "Dizze ko-produksje is in moai foarbyld fan de spin-off fan it projekt Holwert oan See. Wichtich ek foar de leefberens fan it gebiet en de transysje fan de Waadkust ta in toeristyske bestimming."

Beskikber yn ferskate talen

De rûte is beskikber yn it Nederlânsk, Dútsk en Ingelsk en is te krijen by ferskate toeristyske punten en rekreaasje-ûndernimmers. 'Rondje Holwerd' is ek online beskikber.
It projekt WaddenAgenda wurdt útfierd yn it ramt fan it INTERREG-programma Dútslân-Nederlân en wurdt ûnder oare finansiere troch it Europees Fonds voor Regionale Ontwikkeling (EFRO) en de provinsje Fryslân.