HEA! Rêstich yn Burchwert
Yn Burchwert fernimme je net folle fan de coronakrisis. Alteast, sa fielt Tanja Brattinga it. Se wurket yn de skjinmakbranche en hat it ek nochris drok mei har tún. Dêr moat ek hiel wat barre mei dizze drûchte. Mar der is op it stuit gjin keatsen, en dêrtroch mist Tanja de sosjale kontakten wol wat.