European Water Technology Week giet net troch

De European Water Technology Week (EWTW), dy't foar septimber pland stie yn it WTC Expo yn Ljouwert, giet dit jier net troch yn ferbân mei it coronafirus. Dat hawwe de organisatoaren, wêrûnder Wetsus, bekend makke.
Wetsus yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De folgjende edysje fan it twajierlikse ynternasjonale wettertechnology-evenemint fan WaterCampus Ljouwert wurdt no yn 2022 hâlden, fan 19 oant 22 septimber. Ek de nije fakbeurs Water Tech Europe, dy't dit jier foar it earst yn de EWTW organisearre wurde soe is ferpleatst nei deselde data yn 2022.
De organisaasjes hawwe dit beslút tegearre naam omdat der foarearst ûnfoldwaande dúdlikens is oer de mooglikheden foar eveneminten nei 1 septimber. It feit dat de EWTW in ynternasjonaal evenemint is, makket de situaasje dreger: sprekkers en gasten fan oer de hiele wrâld moatte derfoar nei Nederlân komme en ek foar harren is de situaasje no ek net yn te skatten.