UPDATE: Fytser ferstoarn nei botsing mei trein by Aldeholtwâlde

De fytser dy't tongersdeitemiddei oanriden waard troch in trein op it spoar by Aldeholtwâlde is ferstoarn. Dat hat de plysje nei bûten brocht. Der wurdt útgien fan in tragysk ûngelok; de plysje docht ûndersyk nei de oarsaak.
© ProNews
It ûngelok barde tongersdeitemiddei op de Kooiweg. Fanwegen it ûngelok rieden der oant in oere as 17.00 gjin treinen tusken Wolvegea en It Hearrenfean.