Start fysike muzyklessen posityf foar Fryske blaasmuzyk: "Het is veel fijner dan online"

28 maaie 2020 - 13:44

No't de repetysjes en konserten fan alle muzykferieningen net trochgean, stiet de Fryske blaasmuzyk ûnder druk. De korpsen witte net wannear't sy wer repetearje meie, mar gelokkich foar harren kinne de muzikanten fan no ôf wol wer fysyk muzykles krije.

Muzykles

Mear as twa moannen hawwe de learlingen fan Harmonie Akkrum gjin fysike muzykles hân. Fia Skype besocht dosint Sietske Trinks de lessen wol troch te setten, mar dat wie net altyd in sukses. "Fia Skype kinst in hiel soad dwaan, mar do kinst no wer echt mei-inoar spylje. Ik kin bern helpe as se de muzyk kwyt binne, om der wer even yn te kommen. Fia Skype sit der fertraging op, dus dan slagget dat net", seit Trinks. Se is dêrom tige bliid dat se de bern wer fysyk les jaan mei.

Ek by muzykferiening Apollo Grou binne de fysike lessen wer begûn. Learling Oscar hie it wol in bytsje hân mei de online lessen. "Het is natuurlijk een beetje irritant als er vertraging is, dan kun je niet precies tellen. Het communiceren is gewoon fijner zo in het echt en tips komen ook beter binnen." Ek learling Mees is tige wiis dat hy wer mei syn dosint blaze mei. "Het is wel weer even wennen met alle maatregelen, maar het is wel veel fijner."

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

Muzykdosint Piet Visser is bliid dat de feriening de online muzyklessen wol trochset hat. "Oars wie ik bang dat as se dan wer op les kaam wiene, alle fentilen fêstsitten hiene." Visser fynt it online lesjaan net ferfelend, mar fernimt wol dat it foar de bern nofliker is om wer fysyk les te krijen. "De learlingen fûnen de online lessen wol leuk, mar dit is gewoan wer moaier natuerlik."

Nije maatregels

Dat der by de muzyklessen mear tocht wurde moat om de maatregels as foar de krisis, makket de learlingen en dosinten neat út. Foardat Oscar oan syn muzykles begjint, moat hy syn hannen desynfektearje en der hinget in grut skerm tusken him en syn dosint Piet Visser. "Het scherm zorgt er wel voor dat je niet dicht bij elkaar komt. En ik moet mijn stoel en standaard straks schoonmaken, maar voor de rest is het niet heel erg veranderd."

Ek by Harmonie Akkrum hawwe se gjin lêst fan de ekstra maatregels. "Ik fyn it hjir noch wol tafallen. Ik fyn it einliks in lytse muoite. It kostet yn elts gefal minder muoite as de Skype-lessen."

Positive en negative effekten

Neffens Piet Visser sitte der foar de Fryske blaasmuzyk sawol negative as positive kanten oan de hiele situaasje. "Der binne in hiel soad minsken dy't hiel 'vindingrijk' wurde, benammen de musisy. Dy fine fan alles út. Sjochst de moaiste dingen foarbykommen." Neffens de musikus sille der grif minsken tusken sitte dy't de motivaasje net mear opbringe kinne nei de krisis, mar oer it algemien tinkt hy dat it wol wat tafalle sil. "Ik tink dat elkenien aanst graach wer spylje wol."

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

Net allinne de fysike muzyklessen hawwe in tiid stillein, ek de skoalprojekten foar bern binne stopset. Wer't de ferskate ferienings oars nei basisskoallen ta gean om bern entûsjast te meitsjen foar de muzyk, kin dat troch corona net, en dat wylst it foar de ûntwikkeling foar bern just belangryk is dat sy fan jongs ôf yn oanrekking komme mei muzyk, sa seit muzykterapeut Marijke Groothuis. It belang fan it behâld fan muzykferieningen yn Fryslân is dêrom grút, want at der gjin skoalprojekten binne komme bern net gau in oanrekken mei muzyk.

Neffens Groothuis is muzykles folle mear as allinne in ynstrument spylje leare. "Het geeft een stukje vrijheid en creativiteit. We hebben in deze coronatijd ook gezien hoe het mensen verbindt. En je leert op een andere manier met elkaar samenwerken."

Muzyk belangryk foar ûntwikkeling

It spyljen fan in ynstrument is goed foar de ûntwikkeling fan it brein. "Het hele brein is aan het werk als je muziek aan het maken bent en naarmate je dat de kinderen biedt en door een professional laat uitvoeren, heeft het alleen maar heel gunstige effecten op de ontwikkeling van het brein en de verbindingen die er worden gelegd", seit Groothuis.

Ek is it goed foar de taalûntwikkeling fan de bern. Se is dan ek tige bliid dat de fysike muzyklessen wer los binne. "Het nadeel van online is dat je lastiger samen kunt spelen, want er zit altijd vertraging op de lijn. En ik vind juist een essentie van muziek dat je plezier hebt, maar ook vooral samen dat plezier hebt. Met de fysieke lessen kan dat nu weer."

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

Troch de coronakrisis binne alle skoalprojekten foar bern stopset en is it foar korpsen lestich om bern entûsjast te meitsjen foar de blaasmuzyk. Dochs is it neffens Groothuis oan de korpsen sels om der foar te soargjen dat se op in positive wize trochgean.

Sûnt twa wiken jout Groothuis sels wer les op skoalle en sy sjocht dat bern bliid binne dat sy wer mei-inoar muzyk meitsje kinne. "Het geeft ook een soort fleur, het geeft energie. Je ziet de kinderen weer groeien en bloeien en ik denk dat we daarin gewoon zelf ook actie moeten ondernemen om, wanneer het kan, het gelijk weer allemaal klaar te zetten en te zorgen dat deze tijd teniet wordt gedaan."

Muzykterapeut Marijke Groothuis oer it belang fan muzykles

Trefwurden: 
muzykles coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)