Brânsjferiening foar de charterfeart: 'Coronaprotokol sil de sektor net rêde'

28 maaie 2020 - 13:25

Om moandei wer los te kinnen mei gasten op skippen, hat de feriening foar charterfeart in protokol opsteld mei maatregels. Sa'n protokol wie in winsk fan de brune float, sadat se wer oan de slach kinne. It is lykwols net de rêding foar de sektor, seit de brânsjferiening BBZ.

Bruno float nije placeholder

Paul van Ommen, fan de Vereniging voor Beroepschartervaart (BBZ): "Het kan voor enkele ondernemers, afhankelijk van hun financiële situatie, net een zetje de goede kant op zijn." Mar de situaasje is foar elke skipper wer hiel oars. "Er zijn mensen die meer moeten afbetalen of net geïnvesteerd hebben."

"Wat natuurlijk ook heel erg belangrijk is, is om te weten hoe lang dit nog gaat duren." Eltse wike of moanne dat dizze situaasje langer duorret, wurdt it probleem neffens Van Ommen grutter. "We verwachten ook eigenlijk dat de echte klap volgend jaar pas gaat komen."

Maatwurk

Hoe't de skippers it protokol tapasse kinne, wurdt neffens Van Ommen maatwurk. "Sommige schippers zeggen dat ze er niks mee kunnen." Der mei nammentlik mar in beheind oantal minsken meifarre, mar guon skippers hawwe bygelyks al in soad minsken oan board dy't ferskillende ûnderdielen fan it skip betsjinje moatte.

Van Ommen: "Anderen zeggen er wel wat mee te kunnen, hetzij met een sterk gereduceerde capaciteit. Maar dan nog wordt het zorgen dat je tijdens het zeilen zo min mogelijk beweging maakt, om te voorkomen dat mensen met elkaar in aanraking komen."

Der moat yn alle gefallen jild fertsjinne wurde. "Wij kijken met belangstelling naar wat schippers gaan doen. De vereniging bemoeit zich daar over het algemeen niet mee. Ik zie van alles voorbijkomen, maar waar het op uit zal komen, weet ik niet."

Needfûns

It protokol helpt in part fan de sektor, mar de BBZ wol graach dat de oerheid in needfûns opset. "We weten dat ze een voorkeur hebben om met generieke maatregelen de hele industrie op poten te houden, maar wij denken dat we daarmee niet iedereen kunnen redden."

Neffens Van Ommen is der in útsûndering nedich foar de charterfeart, om't it net allinnich ûndernimmers oanbelanget, mar ek skippen. As in skip yn in fallisemint telâne komt, is de kâns grut dat it ferlern giet. "Veel schepen zijn onvervangbaar omdat het om erfgoed gaat, maar er is ook sprake van enorme kapitaalvernietiging als de schepen bij faillissement onverkoopbaar zijn."

Paul van Ommen fan de Vereniging voor Beroepschartervaart

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
(Advertinsje)
(Advertinsje)