Trekker yn 'e brân by Wergea

Yn de greide njonken de Warstienserdyk by Wergea is tongersdei in trekker folslein útbaarnd. De brânwacht fan Ljouwert wie gau op it plak, mar de trekker wie net mear te rêden. De bestjoerder fan de trekker rekke net ferwûne.
© De Vries Media
Der kaam in soad reek frij, dy't yn de omkriten goed te sjen wie. De oanhinger efter de trekker rekke licht skansearre. Hoe't de brân ûntstean koe, is net bekend.