Akkoart oer iepenbier ferfier foar Fryske learlingen

28 maaie 2020 - 12:51

Fryske leerlingen meie nije wike gewoan mei de bus nei skoalle. Woansdei hawwe it ûnderwiis en ferfierder Arriva in akkoart berikt. Nei de lêste parsekonferensje fan premier Rutte wie der in soad ûndúdlikens oer hoe't learlingen fan 2 juny ôf nei skoalle moatte. Rutte advisearre om dat rinnende of op de fyts te dwaan. Learlingen dy't fan fier komme, wol de premier leaver net yn it iepenbier ferfier. Yn Fryslân is dit no regele.

Yn in bus fan Arriva - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Geert van Lonkhuijzen fan ûnderwiiskoepel Fricolore leit út: "Arriva heeft toegezegd tot aan de zomervakantie met een winterdienstregeling te rijden, dus met het maximaal aantal bussen. De bussen mogen niet helemaal vol, slechts voor 40 procent. Daarom adviseren we ook om te fietsen bijvoorbeeld, maar als het echt niet anders kan kunnen ze met de bus."

As it net oars kin

Der moat wol rekken mei hâlden wurde, seit Van Lonkhuijzen. "De premier had wel een bepaalde bedoeling. Zoveel mogelijk het openbaar vervoer te ontlasten. We stimuleren de leerlingen en ouders dus om op andere manieren naar school te komen. Als het echt niet anders kan, dan is het vervoer beschikbaar. De examenleerlingen reizen niet meer naar school, mbo, hbo en universiteit werken nog thuis. Dus we voorzien nog geen problemen, al houden we wel een vinger aan de pols. Ook in het openbaar vervoer geldt: gebruik je gezonde verstand. Men moet zelf zorgen voor een mondkapje en je moet niet in een bus stappen als je ziet dat deze vol is."

It akkoart is foarearst allinne oant de simmerfakânsje jildich. "Daarna ontstaat een nieuwe situatie, maar dat is nog onzeker ten aanzien van corona. Maar ook de andere onderwijslagen, zoals mbo en hbo, beginnen dan weer. Dus dat proberen we voor de zomervakantie ook te regelen."

Geert van Lonkhuijzen fan ûnderwiiskoepel Fricolore

(Advertinsje)
(Advertinsje)