Binnen inkelde wiken dúdlikheid oer simmeriis Thialf

28 maaie 2020 - 17:38

Thialf-direkteur Marc Winters kin noch gjin dúdlikheid jaan oer oft der wol of gjin simmeriis komt op It Hearrenfean. De petearen mei reedrydbûn KNSB rinne noch. Der is tongersdeitemiddei wer in gearkomste mei de partijen dêr't yn praat wurdt oer it simmeriis. Sven Kramer makke him woansdei lulk oer dat se no nei Súd-Dútslân moatte foar simmeriis.

De wurden fan Kramer hawwe Winters ek berikt. Hy is bliid mei de needgjalp fan de fjouwerfâldich olympysk kampioen. "Aan de ene kant maakt het duidelijk hoe blij de topsporters met Thialf zijn als trainingslocatie. Daar is het voor gebouwd. De sportieve kant gaat hartstikke goed. Hij legt ook de andere kant heel goed bloot. En dat is dat er een spanningsveld is tussen de sportieve en de financiële kant bij Thialf. Daar zitten we middenin", sa leit Winters út.

Nije haadsponsor

De petearen tusken Thialf en de KNSB rinne dus noch. Net allinne de finansjele problemen fan Thialf spylje in rol, ek de KNSB hat it net maklik. It reedrydbûn is noch altyd op syk nei in nije haadsponsor en dy syktocht wurdt troch de coronakrisis in stik dreger. Sa hie de KNSB al in nije haadsponsor fûn, mar heakke dy lykwols op it lêste momint ôf troch it útbrekken fan it coronafirus.

Reedriders fan it Gewest Fryslân ferline jier op it simmeriis - Foto: Orange Pictures

Hoe't de petearen tusken Thialf en de KNSB rinne, kin en wol Winters net sizze. "Een broedende kip moet je niet storen, zeggen ze altijd. Ik kan niet bevestigen dat er geen zomerijs komt, maar ik kan ook niet bevestigen wanneer er eventueel wel zomerijs komt."

Wis is dat de sporters graach dúdlikheid hawwe wolle. Want de trainingsprogramma's wurde al lang fan tefoaren makke. En dus hopet Winters rap op dúdlikheid: "Ik snap dat er de nodige druk op staat. Vanuit sportieve kant moet er de komende weken wel duidelijkheid over komen."

De measte atleten fiele it krekt sa as Sven.

Oare reedriders en shorttrackers stypje Sven Kramer neffens foarsitter Douwe de Vries fan de atletekommisje

Ald-reedrider Douwe de Vries is foarsitter fan de atletekommisje fan de KNSB en fertsjintwurdiget dêrmei de langebaanriders en de shorttrackers. "De measte atleten fiele it krekt sa as Sven. Se wolle ûnder de bêste omstannichheden traine op de bêste baan. As dat net kin, is dat in stap efterút. As sporter wolle je altyd in stap nei foarren dwaan en noait efterút, want dêr wurde je minder fan. Dêr baalt elkenien fansels fan."

"Mear stipe fanút ministearje"

Neffens De Vries soe der ek mear stipe komme moatte fanút it ministearje fan folkssûnens, wolwêzen en sport. "We begripe allegear dat Thialf it dreech hat. Ik hoopje dat alle partijen der mei-inoar útkomme en dat der stipe komt fanút it regear. Der is al in hiele hoop stipe. Mar dit is wol it plak dêr't we de measte medaljes helje fan hiel Nederlân."

Technysk direkteur Remy de Wit fan reedrydbûn KNSB reagearret skriftlik: "Wij zijn als KNSB nog volop in gesprek met Thialf over het zomerijs en gaan er vanuit hier op zeer korte termijn uitsluitsel over te krijgen. We willen nu niet op de zaken vooruit lopen. Op het moment dat er meer bekend is, staan we jullie graag te woord."

(advertinsje)
(advertinsje)