Foar it earst sûnt lockdown wer nei heit en mem yn Ljouwerter wyksoarchsintrum

28 maaie 2020 - 12:41

De maatregels foar in besite oan minsken yn in ferpleech- of fersoargingshûs moatte earder ferromme wurde, fynt de brânsjorganisaasje. Healwei july soe der wer mear as ien tagelyk op besite meie. Mar dat duorret te lang, foar minsken dy't yn har lêste libbensfaze sitte, sizze ferpleechhuzen. Wim Berkhof mocht tongersdei foar it earst wer nei syn âlden yn Ljouwert.

In soad minsken mei famylje yn in ferpleech- of fersoargingshûs hawwe foar it earst sûnt moannen wer op besite west by har man of frou of heit of mem. Fanwegen de coronamaatregels koe dat de ôfrûne tiid net. En dat is dreech.

Dat jildt ek foar Wim Berkhof en syn heit en mem. Sy wenje yn wyksoarchsintrum Sint Jozef yn Ljouwert.

Foar it earst heit en mem wer sjen

Wim Berkhof mocht tongersdei foar it earst sûnt de lockdown syn âlden wer sjen. Hy hie in bosk blommen en ek gebak mei. "We hebben elkaar natuurlijk wel gezien, maar dat was bij het raam met een mobieltje. Dat is improviseren, maar uiteindelijk niet praktisch. Het is ook niet mogelijk voor mij om klusjes voor mijn ouders te doen. Maar er zijn veel schrijnende gevallen, mensen in een relatie die niet bij elkaar kunnen komen. Dat is heel triest. De zorg was hier prima en we hebben een grote bereidwilligheid van het personeel gemerkt. Ze doen het maximale voor ons," seit Wim Berkhof.

"Wij hebben hem dus gezien, wij zijn geen enorme praters, maar we hebben ons er goed mee gered. Terug naar normaal is het beste voor ons, maar dat moet je met kleine stapjes doen," seit Wim syn mem. "Zelfde wat moeder overste zei," slút heit Berkhof him derby oan.

Online aginda

Manager Jana Egorova is bliid dat it wer wat ferromme wurde kin. "Het is natuurlijk vandaag een hele bijzondere dag voor onze locatie. Er mag weer bezoek komen voor onze bewoners, dat is hartstikke leuk. Vooral in het begin was het best wel wennen, maar het loopt al sinds 19 maart en wij hebben er alles aan gedaan om het leven van onze bewoners zo prettig mogelijk te maken. Daarom zijn we de mensen ook heel erg dankbaar. "

Der is in online aginda opset, dêr't minsken harren ynskriuwe kinne foar in ôfspraak. "Het valt nog wel mee met de inschrijvingen, we hebben nog ruimte in de agenda. Sommige familieleden vinden het wel prima zoals het nu gaat en willen geen risico lopen voor zichzelf en de bewoners. Anderen willen wel graag op bezoek komen, dan zijn ze welkom. Wij volgen de richtlijnen en we hopen die steeds meer te kunnen versoepelen, zodat het straks ook weer zonder afspraak en beschermingmiddelen mogelijk is."

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort by Sint Jozef

Wim Berkhof by syn âlden - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
(advertinsje)
(advertinsje)