Felix Maks: Fries op Sansibar mei eigen kitesurfreisburo
De Fryske flagge wapperet der alle dagen yn de tropyske sinne. Op it eilân Sansibar, oan de eastkust fan Afrika, hat Felix Maks in guesthouse foar kitesurfers. De measte gasten binne Nederlanners, mar se komme fan oer de hiele wrâld. "Dit is één van de mooiste kitesurfstranden ter wereld."
It is ûnderdiel fan KiteActive, in kitesurfreisburo dat reizen organisearret nei ûnder oare Grikelân, Brazilië, Mauritsius, Frankryk, Marokko en de Kanaryske eilannen. It begûn yn 2011 mei in pear reiskes by de Waadeilannen del, mar al gau kaam Maks derachter dat der in merk wie foar reizen mei dit spesifike doel.
Op de measte lokaasjes hiert Maks lytse hotels dêr't syn gasten in pear moannen yn it jier ferbliuwe kinne, mar op Sansibar hat er echt in eigen plak. Hy iepene it guesthouse yn 2015 en is sûnt dy tiid oan it útwreidzjen. It is in tropysk paradys, mar om der te wurkjen, moatte je wol in soad oanpassingsfermogen hawwe.
"Op het moment dat je hier uit het vliegtuig stapt, moet je even terugschakelen van de 5 naar de 2. Het gaat hier allemaal op een iets andere manier."
Maks hat Nederlanners oan it wurk, mar ek in soad locals. "Het allergrootste verschil tussen een Fries en een Afrikaan is dat wij wel wat verder vooruit denken dan vandaag of morgen. Hier zijn ze eigenlijk alleen maar bezig met de dag doorkomen. 'Hoe zorg ik ervoor dat ik vanavond een lekker visje met wat rijst heb?' Natuurlijk word je soms echt helemaal gek, maar het is ook een mindset."
De Lemster sit in oantal moannen yn it jier op Sansibar. Dat wie earder wol mear, mar it wurdt hieltyd drokker mei nije reizen. No yn coronatiid sit er fansels allinnich mar op kantoar op De Lemmer. Dochs kriget er sels no ek noch in soad oanfragen foar reizen foar wannear't de situaasje it wer talit.
Foar't Maks syn bedriuw opsette, wie er profesjoneel kitesurfer. Mar de sport waard yn dy tiid folle populêrder, wêrtroch't in jongere garde al gau de nije te klopjen jonges waarden. Noch altyd groeit de sport eksplosyf, wat benammen yn Fryslân goed te sjen is.
De Fryske kitespots steane bekend as de moaiste plakken fan hiel Noard-Europa, wat somtiden soarget foar gefaarlike drokte. Maks sjocht dat in soad gasten, dy't ek wol yn Fryslân te finen binne mei in kite, nei Sansibar fleane foar de rêst. Sa ek Rens Appels fan Tiel: "Ik kom regelmatig in Friesland om te kiten. Mede doordat het zo druk is in Friesland kom ik wel hier naartoe." Al is fansels de tropyske sinne ek gjin straf.
De Snitser Jurret van Vliet wurket yn de wintermoannen op Sansibar as kite-ynstrukteur en sjocht ek de drokte thús: "Op Workum en Mirns komen er elk jaar wel meer mensen bij. Het wordt steeds populairder en mensen kunnen steeds makkelijker een lesje boeken."
Maks profitearret yn it bûtenlân fan de populêrens, mar hopet wol dat de situaasje thús feroaret: "Iedereen kan daar een kiteschool starten en dat levert wel spanningen op. Het wordt er heel druk door en niemand voelt zich meer echt verantwoordelijk voor de veiligheid op de spots. Ik denk dat dat wel heel belangrijk is, anders gebeuren er binnenkort ongelukken."
En dy ûngelokken barre ek: ôfrûne wike waard in kitesurfer noch mei in traumahelikopter ophelle fan it strân fan Warkum, nei in slim ûngelok. It soe ien fan de drokste kitesurfdagen op it strân ea west hawwe.
It is Maks syn bedoeling om ek sels wer mear tiid yn eigen provinsje troch te bringen. Krekt as op Sansibar, wol er eins op alle bestimmingen fan syn bedriuw guesthouses delsette. Om te begjinnen yn ús eigen Fryslân: "Friesland is een fantastisch mooi kitesurfland, maar het ontbreekt er nog aan een goede accommodatie met de goede KiteActive-vibe. En daarna gaan we naar nog veel meer mooie plekken!"