Oantal fytsedieverijen is yn provinsje Fryslân it meast ôfnaam

28 maaie 2020 - 10:30

It tal registrearre fytsedieverijen yn de provinsje is yn de ôfrûne fiif jier mei 54 persint ôfnommen. It dal dieverijen fan fytsen nimt yn alle provinsjes ôf, mar in Fryslân it sterkst. Dit docht bliken út sifers fan it Ministearje fan Justysje en Feiligens, dy't webwinkel Beslist opfrege hat.

Foto: Shutterstock.com (Rainer Fuhrmann)

De measte dieverij wie yn studintestêden, sa docht bliken út de sifers. Dat bart it meast by winkelgebieten (29 persint), stasjons (21 persint) en om it eigen hûs hinne (21 persint). Yn Nederlân binne der ferline jier 66.690 fytsen stellen dy't registrearre binne.

(advertinsje)
(advertinsje)