Slûs Terherne reparearre nei oanfarring troch dronken skipper

28 maaie 2020 - 10:23

De slûs yn it Prinses Margrietkanaal by Terherne is reparearre en it skipfeartferkear kin der wer del. Dat meldt Rykswettersteat. De kearslûs rekke yn maart slim skansearre nei in oanfarring mei in frachtskip. Neffens de plysje hie de man tefolle drank op.

It wie net de earste kear dat in skip de slûs ramde. In jier lyn fear der ek al in frachtskip tsjinoan. Doe wie de skea minder grut.

De skea nei oanlieding fan de oanfarring yn maart waard hersteld, yn ferbân mei de feiligens op it wetter, mar Rykswettersteat hat wol ûndersocht oft de slûs op termyn fuorthelle wurde kin. Neffens harren is de slûs al in skoft bûten gebrûk en hat dy gjin wetterkearende funksje.

(advertinsje)
(advertinsje)