Fryske studinten yn Wageningen yn ûnwissichheid troch oanpaste ymtroduksje

28 maaie 2020 - 10:09

It selskip fan Fryske studinten yn Wageningen hat in probleem. Fanwege de coronakrisis kin de algemiene yntroduksje fan de Wageningske Universiteit healwei augustus allinnich yn oanpaste foarm trochgean. "En dat is just de perioade wêryn't de ferieningen sjen litte wêr't se foar steane", seit Hylke Schakel fan it Wageningsk Studinte Selskip. "Dat binne de dagen om leden binnen te heljen."

Foto: Hylke Schakel

"Dy yntroduksjeperioade is dus hiel wichtich foar ús. As it no yn oanpaste foarm is, dan is it mar ôfwachtsjen oft je noch krekt sa sichtber binne as yn oare jierren." Gewoanwei stiet it Wageningsk Studinte Selskip foar Fryske Stúdzje (WSSFS) by in standsje. "Dan litte we ús goed sjen mei Fryske flaggen en dêr komt elkenien del. We witte net hoefolle minsken oft der no tagelyk komme meie en oft it überhaupt noch mei standsjes is en oft wy der wol mei al ús minsken stean meie."

De universiteit moat dêr noch in beslút oer nimme. Oant dy tiid sit it WSSFS yn ûnwissichheid en ha se soargen oer de ledewerving fan dit jier. "Meastal krije we der by de yntroduksjedagen tusken de fiif en fyftjin nije leden by", fertelt Schakel. "Dat is oer it algemien frij stabyl. Yn totaal ha we op it stuit sa'n fyftich leden. Guon binne wat mear aktyf, oaren wat minder."

De leden sjogge elkoar gewoanwei alle tiisdeis. "Dat is no ek allegear wat minder. No ha we online gearkomsten, sadat we elkoar dochs even sjogge. As corona foarby is, wolle we sjen oft we de gewoane aktiviteiten ek wer wat opbouwe kinne."

Benaud foar de ein fan it WSSFS is Schakel net. "Der is altyd wol wat animo foar ús klup. Der binne altyd wol wat Friezen dy't yn Wageningen studearje en by ús sjen wolle." It selskip sil no sjen oft se online wat mear leden binnenhelje kinne.

Wageninsk Studinte Selskip foar Fryske Stúdzje (WSSFS) - Foto: WSSFS | Wikimedia Commons
(Advertinsje)
(Advertinsje)