Balstjurrige sweltsjes briede net yn Deinumer muorre, mar yn in sânbult

28 maaie 2020 - 08:43

Yn Deinum is in spesjale muorre oanlein foar sweltsjes: in lytse 100 pearkes kinne yn dy wand by de Hegedyk yn neskje. Dat diene se sûnt de oanlis twa jier lyn ek. Mar dit jier bleau de muorre ynienen leech, se sitte no wer gewoan yn in sânbulte in pear kilometer fierderop.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Siep Tilma fan de pleatslike Fûgelwacht om Boksum hinne: "Sy binne no oan it brieden, yn maaie sitte se op de aaien. Wy hoopje dat der noch guon komme foar de muorre, en oars takom jier. En dan moatte wy wol nei dy gatten sjen, oft der echt net wat mislearre is. Mar dat wol my eigentlik net oan."

"Bekend is dat de ierdswel noch faak wol wat briedgelegenheid hawwe wol. Dy fûgels sitte faak yn tydlike bulten, mar takom jier binne dy bulten der net mear. Sa'n fûgelmuorre lykas dy by de Deinumer Feart is bliuwend, dus ik tink wol dat soks in positive saak is," leit Tilma út. Twa jier lyn is de sweltsjemuorre iepene troch Fûgelwacht Boksum en omkriten, Doarpsbelang Deinum en Landschapsbeheer Friesland.

Opfretten

It fûgelgebiet om Deinum hinne is bot feroare, seit Tilma. "Dit hat in ryk fûgelgebiet west foar de skries, ik tink yn de goeie tiid, dat wy hjir yn dizze omkriten wol in lytse 90 span skriezen hiene. No echt net mear. En de fûgels dy't der noch wol komme: alles, mar dan ek alles wurdt opfretten."

It hat ek te krijen mei mûzen, seit Tilma. "Ferline jier wie it in goed mûzejier. De foks, de mûzebiter, de stienmurd en de wezeling hiene genôch oan de mûzen. Doe lieten sy de aaien lizze. Mar dy binne der no net en dy bisten moatte dochs wat hawwe. No binne de aaien wer it bokje. En in bepaald persintaazje moat wol grut wurde om de populaasje yn stân te hâlden."

Ferslachjouwer Willem de Vries by Siep Tilma fan de pleatslike Fûgelwacht

De sweltsjemuorre by Deinum - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries
(Advertinsje)
(Advertinsje)