Kollum: "Reinbôge (slot)"

"Reden foar in feestje fyn ik it amper, want fierstente let, mar hyp hoi, Fryslân is reinbôgeprovinsje! Der klonk justerjûn sels applaus foar yn de fergadering fan de Provinsjale Steaten. Wat net mocht fan kommissaris Brok. Dy't reinbôge is. Mar hawar.
© Omrop Fryslân
De Toan fan Botte Jellema
Yn july 2016 waard ús buorman Drinte as earste in reinbôgeprovinsje, en woansdei, mar fjirtjinhûndert ienentweintich dagen letter, is Fryslân de lêste. Dat wie in sneu parkoers fan benammen it CDA yn de Steaten, tegearre mei de VVD.
Dwerse geasten by it CDA. O, it CDA, favorite partij fan alle kollumnisten sûnt harren formaasjekongres-show yn 2010. Altyd oer de ferkearde eigen skaden hinne stappend, harren ferskûljend efter in Grutter Doel mei-inoar, dat troch eltse CDA-prominint folslein oars útlein wurdt. Benammen yn Brabân, de lêste tiid. No, se stimden woansdei mei fiif foar, en tsjin wiene mw. Prins-Meindertsma, hear Algra en hear Aalberts. Ik tink, ik neam de nammen mar efkes. Se steane as tsjinstimmers neist de folsleine PVV en de folsleine FvD-fraksje nammentlik. Nijsgjirrich.
En wat wie VVD'er Avine Fokkens benaud dat sy yn in frame drukt wurde soe, op dizze stjoerder. Want ja, mei sa'n flagge stelle je dochs dat LHBT'ers oars binne, en dat woe se net. Dat eltsenien oars is, en dat de hiele moderne diskusje oer akseptaasje fan LHBT'ers just net giet oer assimilearjen, mar yn alle kleuren ûnderdiel wêze fan de maatskippij, is Fokkens ûntgien. Benammen benaud dat Fryslân, mar se bedoelde fansels harsels, yn in frame fan homofoby drukt wurde soe. En yn in ûnbegryplike kronkel fan har geast betsjutte dat, dat je tsjin de reinbôgeflagge wêze moatte. Mar goed, dy fraksje stimde foar, op hear Dijkstra nei.
Teus Dorrepaal is in namme om te ûnthâlden, foar it lichte tv-drama dat hjiroer makke wurde kin. Oant in jier lyn wie hy Steatelid fan it CDA yn Fryslân, en hy is homo. Oer syn eigen coming-out skreau hij it 'bioboek', 'Praat er maar niet over'. Yn in ynterview by de EO neamde hy himsels misfoarme troch hoe't der mei him omgien is yn it griffo-miljeu dêr't hy eartiids syn coming-out hie. Yn de Ljouwerter sette hy yn 2016 in ynstjoerd stik, mei de titel 'Laat regenboogvlag maar in de kast'. Wat hawwe LHBT'ers oan sa'n flagge: wy klopje ús op 'e boarst; it is dochs al regele; en it wurdt noch drok mei flaggen op it Provinsjehûs, sa stelde de CDA'er mei flagemêstfreze. Net oer prate, seit er, yn gjin inkeld besykjen om syn ferminking de folgjende generaasjes LHBT'ers te besparjen. Dy brike redenaasje is folslein efterhelle, mar dreunde noch lang nei yn ús Provinsjehûs.
Dorrepaal is no gjin Steatelid mear. En it Fryske CDA en de Fryske VVD hiene bûten Sipke Jan Bousema rekkene. De tv-produsint ferhûze in skoftke lyn werom nei syn berteprovinsje, en seach fernuvere om him hinne. De hiele beskamsume fertoaning, it hiele imago - of 'frame', sa't Fokkens it neamt - fan Fryslân, is rêden troch Sipke Jan Bousema. Yn stee fan in deputearre, gie hy nei de Drachtster Boys en helle dêr de reinbôgeflagge omheech. Wêrom? Omdat de Boys sjen litte wolle dat eltsenien wolkom is. Moat dat? Ja, want dat der wat oan 'e hân is yn 'e fuotballerij, en einliks yn de hiele mienskip, liet Bowi Jong út Alkmaar wol sjen troch syn brief oan de KNVB. Of benammen troch de bedrigingen oan syn adres nei dat hy dat dien hie. Drachtster Boys hiset de reinbôgeflagge. Ast troch harren poarte rinst, dan hast respekt foar dy jonge of dat famke dat miskien oars is as dy. En dêr prate se al oer, by de Boys.
It is no klear: Fryslân is no dan lang om let reinbôgeprovinsje. Wat is hjir wat oer praat. Dêrmei is de akseptaasje fan LHBT'ers fansels noch net klear, mar we prate der al oer. Dorrepaal. Dijkstra. En foaral dy smychten fan PVV en FvD. Dy't, as ik op earder stimgedrach en it kommentaar op myn tweet oer de útslach fan woansdeitejûn ôfgean mei, allinnich mei hiel wat betingsten foar homo's binne. En dy ûnbegryplike tsjinstimmers fan it CDA.
O, it CDA, wêr soene wy as kollumnisten wêze sûnder it CDA."