Wer fysike audysjes foar musical De Tocht, mei proefpublyk

28 maaie 2020 - 07:47

In musical-audysje mei publyk, dy wurdt hast noait hâlden. Mar by de audysje foar de haadrolspilers foar de musical De Tocht kin it. It publyk bestiet dan út minsken mei in saneamd startbewiis foar de musical oer de Alvestêdetocht. Nei de online audysjes wol de organisaasje no wer fysyk byinoar komme.

Foto: Omrop Fryslân

De kommende audysjes sille net mear digitaal wêze, sa't earder dien is by De Tocht. "Yn april hawwe wy wol online audysjes dien, dat wie tige bysûnder en wie hiene in soad oanmeldingen. Mar no wolle wy ek wer de enerzjy fiele fan minsken dy't echt oanwêzich binne. Wy sitte bot yn de RIVM-regels en meitsje no it plan rûn: dus de twadde audysjerûnte sil wol fysyk barre", seit Foppe van der Veen fan De Tocht.

Uteinlik binne der 6 haadrollen, mar der binne ek minsken nedich dy't yn it gruttere ensemble komme. "Dy kinne bygelyks in rol oernimme by sykte, dus wy sykje op syn minst 12 akteurs. Foar itselde brekt ien de foet, dan moatte jo wol in oar ynsette kinne."

Ambassadeur

"De Alvestêdetocht is net fan ús as produksjeteam, mar fan hiel Nederlân. Wy fine it dus wichtich dat ek eltsenien meitinke kin. Wy hawwe 45 auditanten selektearre dy't al tige goed binne en ek goed op it publyk oerkomme moatte. It publyk dat útnûge wurdt, dêr wolle wy fan witte of it rekke wurdt," seit Van der Veen. It binne in soarte tickets foar in try-out. "De minsken dy't sa'n ticket hawwe binne in soarte ambassadeurs, sy kinne sjen hoe't dit efter de skermen wurket en kinne meitinke oer bygelyks it dekôr." Yn oktober moat de foarstelling te sjen wêze.

Foppe van der Veen fan De Tocht

(Advertinsje)
(Advertinsje)