Fertochten fan stekpartij Drachten foar de rjochter

28 maaie 2020 - 07:01

De twa jonges fan 14 en 16 jier dy't derfan fertocht wurde yn de jûn fan 22 desimber de 15-jierrige Roan Brilstra yn Drachten delstutsen te hawwen, moatte tongersdei foar de rjochter komme. Brilstra hat de stekpartij net oerlibbe. De saak wurdt ynhâldlik behannele, mar der komt noch net in eask tsjin beiden.

Foto: ProNews

De âldste jonge wurdt troch it Iepenbier Ministearje ferantwurdlik hâlden foar it deastekken. It mes soe mooglik fan de jongere fertochte west hawwe, dy soe ek holpen hawwe mei it besykjen ta berôving fan it slachtoffer foar de stekpartij. Nei alle gedachten wurde beide saken ynhâldlik behannele, mar komt der by de behanneling fan de haadfertochte noch net in eask, om't der noch wachte wurdt op in rapport oer it gedrach en de takomst fan dizze jonge.

De rjochtbank wol lykwols wol dat de saak wat trochset wurdt, sa't der fuortgong yn komt. Sa't it no liket komt der yn juny in twadde sititng, dêrnei sil der foar de jonge fan 16 ek in eask op tafel komme. De âlden fan it slachtoffer binne tongersdei ek oanwêzich.

Efter sletten doarren

Om't de rol fan de jongere jonge lytser wie, mocht hy sûnt april de rjochtsaak thús ôfwachtsje. De haadfertochte sit noch wol hieltyd fêst. Om't beide jonges noch sa jong binne, is de rjochtsaak wol efter sletten doarren. De haadferochte komt moarns oan bar, de oare jonge middeis. Yn it jongereinstrafrjocht kin de 16-jierrige fertochte net mear as twa jier jongereindetinsje kije, in fertochte jonger as 16 jier kin net mear as ien jier jongereindetinsje krije.

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust

(advertinsje)
(advertinsje)