Liveblog | 28 maaie 2020

Coronanijs 28 maaie: 'Help de Waadeilannen'; optimisme oer toerisme dizze simmer

Folgje hjir al it lêste nijs oer it coronafirus.
Lêst bywurke: 2 novimber 2020, 16:51
22:30

Ein fan dit liveblog

Wy binne oan de ein kaam fan dit liveblog fan tongersdei 28 maaie oer it coronafirus. Elkenien tige tank foar it folgjen en graach wer oant freed. Dit wie it wichtichste coronanijs fan de dei:
© Shutterstock
22:20

Coronakeunst yn Warkum: "It is tiid om dy as keunstner te uterjen"

Op De Merk yn Warkum stiet in fiif meter grut keunstwurk fan keunstner Henk de Boer. It wurk bestiet út in skilderij mei in gedicht. De Boer hat noch twa keunstwurken makke; ien foar syn hûs en ien in eintsje fierderop. Neffens de keunstner is it no de tiid foar keunstners om harren wurk nei bûten te bringen en dy as keunstner te uterjen.
22:08

'Waadeilannen hawwe driuwend help nedich om leefber te bliuwen'

Der moat rap wat barre om de waadeilannen te rêden. Dat sei boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach tongersdei by de wurkbesite fan keninginne Máxima oan Teksel. Neffens Van Gent sitte de eilannen yn grutte problemen, no't it toerisme op de eilannen foar in part fuortfalt. Van Gent, foarsitter fan it gearwurkingsferbân De Wadden, hat keninginne Máxima frege ambassadeur fan de Waadeilannen te wêzen yn Den Haag.
© ANP
20:50

Rydbewizen langer jildich

Rydbewizen dy't tusken 1 febrewaris en 31 augustus ferrinne, bliuwe sân moannen langer jildich. Dat jildt ek foar rydbewizen dy't fanwegen medyske oandwaningen elk jier of om de trije jier ferlinge wurde moatte. Minister Van Nieuwenhuizen ropt yn in ferklearring minsken mei sa'n rydbewiis wol op "om goed na te denken of het wel verstandig is de weg op te gaan voordat hun medische keuring en de beoordeling van de rijvaardigheid hebben plaatsgevonden".
© Omrop Fryslân
20:37

Fideodeiboek: "Ik ben veel thuis geweest, voor mij is dat helemaal nieuw"

Paralympysk hurdfytser Tristan Bangma lit yn syn vlog sjen hoe't hy thús firtueel fytst mei in fyts, laptop en in kompjûter. Der wurdt mjitten hoefolle krêft hy levert en dat bepaalt hoe snel hy giet. Op syn telefyzje sjocht hy dan ek in rûte, hjirtroch wurdt de training foar him in stik makliker om te dwaan.
© Omrop Fryslân
18:12

Toeristyske ûndernimmers optimistysk oer simmer, nettsjinsteande corona

Toeristyske ûndernimmers yn Fryslân binne optimistysk oer de simmer, nettsjinsteande de coronakrisis. Se hiene in minne start fan it seizoen, mar it begjint no te rinnen. De measte minsken yn Nederlân geane mei fakânsje yn eigen lân en dat is te fernimmen. Mar bûtenlânske toeristen komme net, seit direkteur Martin Cnossen fan marketingorganisaasje Merk Fryslân.