Bettere Fryske lobby yn Europa nedich foar berop op hersteljilden Von der Leyen

27 maaie 2020 - 22:53

Der moat in bettere Fryske lobby yn Europa komme, om aansten oanspraak meitsje te kinnen op it 'coronaherstelfûns' fan 750 miljard fan de Europeeske Kommisje. Dat fine ûnder oare FNP, VVD, CDA, PvdA en D66 yn Provinsjale Steaten.

De plenêre seal fan it Europeesk Parlemint yn Brussel - Foto: Omrop Fryslân

De Europeeske Kommisje makke woansdei bekend dat se wol dat der sa'n herstelfûns komt, fan 750 miljard euro. Dat fûns wurdt in kombinaasje fan subsydzjes en lieningen en komt boppe-op de reguliere mearjierrebegrutting fan 1.100 miljard. It ekstra jild is nedich want de coronakrisis, dy treft alle Europeanen, sei foarsitter Ursula Von der Leyen earder woansdeitemiddei yn it Europeesk Parlemint yn Brussel.

Op it momint dat Von der Leyen har 'next generation fund' presintearre yn Brussel, hiene de steateleden it oer it Fryske Europabelied. Dat kin wol wat ambisjeuzer, fine in soad partijen. Deputearre Sander de Rouwe beskôget dy 'opbouwende krityk' as stipe foar de Europeeske ambysjes fan de provinsje.

Mear oparbeidzje

De deputearre wol de kommende tiid yn Europa noch mear as oant no ta oparbeidzje mei Fryske gemeenten, hegeskoallen, it mbû en oare partijen dy't yn Brussel aktyf binne. De Rouwe: "As der ien ding is wat ik leard haw, is dat je mei-inoar in stik sterker steane." De Steaten binne fan betinken dat Fryslân him goed tariede moat op de nije, folle hegere, Europeeske begrutting en de mooglikheden dy't dy biedt.

Foto: Omrop Fryslân

Deputearre Sander de Rouwe

Durk Pool (VVD) die bygelyks de suggestje om in bydrage oan de oanlis fan de Lelyline út Brussel te heljen. De Rouwe warskôge foar al te hege ferwachtingen. "Krekt op it mêd fan ynfrastruktuer is it lestich om jild út Europa te heljen, dat hawwe we wol sjoen mei de slûs fan Koarnwertersân. Mar as je fan de Lelyline in ynternasjonale ferbining meitsje fan Fryslân nei Hamburg, dan is der miskien wol wat mooglik." De Rouwe sei ta dat er oer alle plannen en foarstellen goed kommunisearje sil mei de Europa-wurkgroep fan de Steaten.

Wiis mei foarstel Von der Leyen

De Rouwe is sels wiis mei it foarstel fan Von der Leyen, ek al bliuwt it ôfwachtsjen hoe't it der úteinlik út komt te sjen. "Ik wit dat it yn Den Haag gefoelich leit, mar mear jild nei Europeeske fûnsen is faak goed foar Fryslân en oare Europeeske regio's. Ik fyn dat Wopke Hoekstra en Mark Rutte dat harren ek realisearje moatte."

Yn it herstelfûns wol de Europeeske Kommisje de 'Green Deal'-plannen fan Frans Timmermans meinimme. Krekt dêr sjocht De Rouwe kânsen foar Fryslân. "Fryslân stiet al aardich op de kaart mei de sirkulêre ekonomy en ek mei it duorsumer meitsjen fan de lânbou. Dêr lizze seker kânsen."

De earste reaksje fan de Nederlânske regearing op it foarstel fan de Europeeske kommisje is kritysk. Von der Leyen wol it ekstra jild foar in part útjaan yn de foarm fan subsydzjes en foar in part yn de foarm fan lieningen. Nederlân fynt dat alle útjeften út it coronafûns yn prinsipe wer werombetelle wurde moatte.

Tûk kompromis

De Rouwe hopet op in 'tûk kompromis'. "Uteinlik wurdt yn Europa altiten in kompromis fûn. Dêr is Europa grut mei wurden. It is ek in wichtich momint, want we moatte sjen dat we mei-inoar út de krisis komme."

Yn Provinsjale Steaten stimde allinnich de fraksje fan de PVV tsjin de Europabrief fan Deputearre Steaten. Dy partij is fan betinken dat de Europeeske gearwurking foaral net fierder gean moat as op dit stuit.

Foarsitter Von der Leyen fan de Europeeske Kommisje

(advertinsje)
(advertinsje)