Blydskip oer earder iepenjen sportskoallen: "Anders minstens helft ondernemers omgevallen"

Eigener Erwin Boonstra fan sportskoalle Ursus yn Ljouwert is tige bliid mei it beslút dat sportskoallen fan 1 july ôf de doarren wer iepenje meie. Ek de sauna's en kasino's meie wer iepen, sa hat premier Mark Rutte woansdei bekend makke.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
It wie de bedoeling dat de sportskoallen, sauna's en kasino's pas yn septimber wer iepen gean soene. In soad sportskoallen fûnen dat te let, se wiene benaud foar in fallisemint. "Dan was minstens de helft van de ondernemers omgevallen, dat was bijna niet te doen", seit Boonstra.
Ursus joech al lessen yn de bûtenloft, mar kin dus oer sa'n fjouwer wiken wer binnen teplak. Klanten moatte wol yn it foar ynskriuwe foar in les, want it tal minsken dat tagelyk binne wêze mei, is beheind. "We hebben alle apparaten op afstand van elkaar gezet en een paar apparaten uit de zalen gehaald, zodat er goed afstand gehouden kan worden", seit Boonstra.
De yntinsivere lessen wurde foarearst net tastien, om foar te kommen dat der te folle firusdieltsjes yn de loft komme. De sportskoalle tinkt der dêrom oer de iepeningstiden te ferromjen. Boonstra: "We proberen natuurlijk de mensen te overtuigen dat als ze overdag kunnen komen sporten, dat ze dan gewoon ook overdag gaan. Dat niet iedereen gefocust wordt op die avonden, die altijd heel druk zijn. Ik denk dat het wel goed gaat komen."
Erwin Boonstra fan sportskoalle Ursus yn Ljouwert