Miljeukommisje: "Monitoaring sâltwinning Waadsee noch net yn oarder"

27 maaie 2020 - 21:23

De monitoaring fan de sâltwinning yn de Waadsee moat noch better. Der binne in soad stappen set, mar der moat mear sjoen wurde mei de 'ekologyske' bril. Dat skriuwt de Commissie MER yn har advys oer de sâltwinning.

Foto: Omrop Fryslân

It bedriuw Frisia Zout is op it stuit drok dwaande mei it boarjen nei sâlt ûnder de Waadsee. Dat mei ûnder strange betingsten. Sa meie de Waadplaten net fersakje en meie de foerazjearjende fûgels net fersteurd wurde.

Frisia krige yn 2014 tastimming foar de sâltwinning ûnder de Waadsee. Yn de fergunning sitte betingsten. Sa moat wûn wurde mei it saneamde 'hân oan de kraan'-prinsipe. As der te folle boaiemdelgong is of as der natuerskea ûntstiet, moat de winning stopset wurde. Om dat yn de gaten te hâlden, wurde der troch Frisia mjittingen dien. Sa moat der sicht komme op hoe't it Waad der yn it winningsgebiet no by leit, in saneamde 'nulmjitting'.

Ferbetteringen nedich

Yn foargeande jierren hie de Commissie MER krityk op dy mjittingen. No binne ek ferbetteringen nedich, seit foarsitter Marieke van Rhijn. "De samenhang tussen verschillende onderdelen, de morfologie, dus hoe het gaat met de Wadplaten, en de ecologie, de vogels, moet beter beschreven worden. Er moet een betere verklaring komen over die Wadplaten. En als het gaat om de vogels, kijk dan met een ecologische bril. Er zijn veel metingen gedaan en getallen verzameld, maar dat geeft nog geen verklaring voor de aan- of afwezigheid van vogels. Dat hangt van veel factoren af."

Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

It is ek dreech te foarsizzen wat der krekt bart mei de fûgelsoarten. Sa seit de nulmjitting foar de waadfûgels kwealik wat, sa stelt de kommisje. Van Rhijn: "Er wordt nu gekeken naar drie soorten. Wij denken dat dat er meer moeten worden."

Yn alle mjittingen fan de ôfrûne jierren sit al in soad fariaasje, wylst der gjin sâlt wûn wurdt. It is dan ek dreech te foarsizzen wêr't fûgels al of net sitte. Dochs moat it mei in goed mjitprogramma al mooglik wêze dêr antwurden op te jaan.

Der binne ek ferbetteringen. Foarsitter Van Rhijn: "De meetsystemen die de diepe bodemdaling in de gaten houden, geven een betrouwbaar beeld. Zo kan in de toekomst goed gevolgd worden in hoeveel de bodem bij zoutwinning daalt."

Frisia posityf

Direkteur Durk van Tuinen fan Frisia Zout is posityf oer it advys fan de Commissie MER. "It mjitkonsept is goed, dêr binne we wiis mei. Wolle je alles goed witte, dan ha je dêr tiid foar nedich. Dêr sjogge je mear fan werom yn it rapport oer 2019." Van Tuinen tinkt dat der mei alle mjittingen in goede basis leit foar de takomst.

Op it stuit wurdt der fan it fabrykterrein fan Frisia yn Harns ôf boarre nei it sâlt ûnder de Waadsee. Dat giet net sûnder problemen, seit Van Tuinen. "It earste stik oant 2200 meter djipte gie goed. Doe't we dêrnei by it sâlt wienen, gie it mis. Dêr baal ik flink fan, want it nimt mear tiid. Wat we no dogge is dat we fanút dat punt op 2200 meter fia in oare rûte nei sâlt boarje."

Foarsitter Marieke van Rhijn fan de Commissie MER oer de sâltwinning

(Advertinsje)
(Advertinsje)