'De moaiste frou fan Nederlân komt út Ljouwert'

27 maaie 2020 - 21:13

Sylvana IJsselmuiden (25) is de moaiste frou fan Nederlân. Dat meldt it manneblêd FHM. "Ik vind het een ongekende eer en ben jullie allemaal zeer dankbaar", seit de winneres op Instagram.

IJsselmuiden is berne yn Ljouwert. Se is bekend wurden nei har optredens op dumpert.nl.

Hast trije miljoen minsken ha online stimd op ien fan de kandidaten foar moaiste frou fan Nederlân, meldt it manneblêd. De kar fan de redaksje hat meibepaald dat IJsselmuiden wûn hat.

Sylvana IJsselmuiden yn De Middei fan Fryslân

"Wat Tatjana Simic en Katja Schuurman vroeger waren, dat is Sylvana voor deze generatie", seit de haadredakteur fan it blêd. "Ze is down to earth, one of the guys, authentiek en super sexy. Dat is in mijn ogen de reden waarom ze is uitgegroeid tot een van de populairste vrouwen van dit moment."

It manneblêd sette in fideo online fan de fotoshoot mei de moaiste frou fan Nederlân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)