GGD Fryslân begrypt krityk Menamer húsdokter, mar hâldt fêst oan lanlik testbelied

De GGD hat foldwaande meiwurke oan it dwaan fan testen by de coronaútbraak yn Menaam. Dat seit dokter Everhart Hofstra fan de GGD, yn reaksje op krityk fan húsdokter Esther Doeglas fan Menaam.
© ANP
GGD Fryslân hat begryp foar de dokter, mar hâldt fêst oan it testbelied sa't dat der is. De ûnderfining dêrmei is goed, seit Hofstra. "Wij testen mensen die klachten hebben. Dokter Doeglas had gehoopt dat wij mensen zonder klachten zouden testen, maar dat doen wij niet, uitzonderingen daargelaten. Testen van mensen zonder klachten zijn minder nuttig en minder bijdragend bij bron- en contactonderzoek."
Der wiene in pear coronabesmettingen yn Menaam. De dokter fertroude it net en woe meiwurkers fan de thússoarch sa gau mooglik teste litte op corona, mar dat koe net neffens de GGD, omdat de klachten net oerienkamen mei dy op it listje fan it RIVM.
Hofstra seit dat se de ûngerêstens fan dokter Doeglas mei har besprutsen ha en minsken sûnder klachten dochs ek test ha, om dy ûngerêstens fuort te nimmen. "Daarom zijn ze ook op een zondag in de praktijk van dokter Doeglas getest geworden en anders waren ze op de maandag door de bedrijfsarts bij ons aangemeld om te testen. En het belangrijkste: de maatregelen die nodig waren, waren toen ook al ingesteld."
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Fan 1 juny ôf sil der wol folle breder test wurde as no. Yn Fryslân komme der twa nije testlokaasjes by, yn Drachten en yn Snits. Yn Ljouwert stiet sûnt begjin april al in testlokaasje. Yn totaal kinne der op de trije lokaasjes yn ien dei mear as tûzen coronatesten ôfnommen wurde. Dat bart op ôfspraak.
"Hoe meer mensen we testen, hoe eerder we kunnen kijken of mensen met klachten wel of geen corona hebben", seit Hofstra. "Mensen die het wel hebben kunnen we quarantaine-advies geven en daardoor kan de maatschappij meer open. En kunnen we hopelijk wat meer ruimte krijgen dan dat we nu hebben, waarbij er nog heel veel sectoren gesloten zijn."
De twa ekstra testlokaasjes komme yn de leechsteande skoalle fan it Gomarus College oan de Eikensingel yn Drachten en yn de leechsteande sporthal De Spil oan de Molenkrite yn Snits.
Everhard Hofstra fan GGD Fryslân