Sipke Jan Bousema emosjoneel nei jierrenlange striid om reinbôgeflagge: "Jûn hat de leafde wûn"

"De leafde hat wûn." Dat sei Sipke Jan Bousema nei ôfrin fan de stimming yn it provinsjehûs, dy't bepaalde dat Fryslân as lêste provinsje fan Nederlân offisjeel in reinbôgeprovinsje wurdt. Bousema hat jierrenlang striden om dat foar mekoar te krijen.
Hy wie suver emosjoneel doe't de kommissaris fan de Kening de útslach bekend makke.
Fryslân is reinbôgeprovinsje
In romme mearderheid fan de Steaten stimde yn mei in moasje dy't bepaalde dat de reinbôgeflagge yn top kin op it provinsjehûs.
Mei de reinbôgeflagge wurdt de solidariteit mei de homo-mienskip útdrukt. De flagge stiet foar de hiele LGBT+ beweging, in term dy't stiet foar in grut ferksaat oan seksuele oriïntaasjes en seksen.

"We ha mekoar heard"

Bousema hat him der jierrenlang foar ynsetten. "Ik ha der behoarlik wat wurk oan hân. Ik ha der mei alle partijen oer praat. Dat hat net by elkenien wurke, ha ik krekt sjoen, mar dat makket net út. We ha mekoar heard."
Yn totaal stimden 30 steateleden foar de moasje, en 13 wiene tsjin. Dat wiene de leden fan Forum voor Democratie, de PVV, en guon fan it CDA en de VVD. Dy partijen hiene der in 'frije kwestje' fan makke.
"Hartstikke moai toch? Dat is it moaie fan dizze mienskip, dat je der oars oer tinke kinne. Ik bin bliid dat der no in grutte beweging is, dy't begrypt hoe belangryk dit sinjaal is."

Diskriminaasje nimt ta

Bousema fynt de reinbôgeflagge sa wichtich, omdat diskriminaasje fan LGTB'ers yn Fryslân tanimt. Fan in reinbôgeprovinsje wurdt in aktive ynset tsjin diskriminaasje ferwachte.
"Der is wurk te dwaan. En dat sille we no dwaan. We moatte it noch moaier, feiliger, en fertrouder meitsje. Foar elkenien."
Harkje nei Sipke Jan Bousema