Topreedriders sykje teamgefoel yn hotel by Wolvegea: "Fierder giet it goed"

Skeelerje, fytse en krêfttraining. Wat dat oanbelanget sjocht it programma fan Sven Kramer en Antoinette de Jong der net hiel oars út as oars. Mar de trainingen binne no folle yndividueler as gewoanwei.
Kramer en De Jong fertelle der oer op in parsebyienkomst fan team Jumbo-Visma.
Kramer en dy ride net yn Thialf mar yn Dútslân: "Dat fyn ik in minne saak"
"We dogge folle mear allinnich as we wend binne. Fansels lûke we as groep wol mei mekoar op, mar we moatte wol de oardel meter yn acht nimme. Dat freget somtiden wol wat 'hand- en spandiensten', mar fierder giet it goed", fertelt Kramer.

"Lekker thús wêze is ek wol noflik"

Nettsjinsteande de yndividuele trainingen wurdt der yn de ploech wol foar in teamgefoel soarge, seit De Jong. "We ite mei mekoar yn in hotel yn Wolvegea. Dan hast dochs noch it gefoel datst by de ploech belutsen bist. Om dizze tiid hinne hiene we oars al twa of trije trainingskampen hân. Dat is no totaal oars. Mar lekker thús wêze is ek wol noflik, want we binne sa faak fan hûs."
Antoinette de Jong
Dat de reedriders gewoan traine kinne, is noflik. En dus kinne je konkludearje dat se yn de sport net in soad fernimme fan de coronakrisis. Dat is yn oare sporten wol oars, sjocht De Jong. "We ha gelok hân dat we ús seizoen ôfmeitsje koene."
"We ha in rêstperioade hân en binne no wer fol yn training. Eins ha we neat mist, dus dat is foar ús in foardiel. Mar, ast sjochst nei de simmersporten, dat is echt ferskriklik."
Neffens Kramer falt de krisis ta, foar de reedriders. "It hat net hiel folle effekt op ús trainen. It grutste probleem is dat Thialf aanst net iepen giet." Dêrmei doelt de 34-jierrige reedrider op it simmeriis dat sa't it no liket dit jier net, of folle letter as normaal, op It Hearrenfean lizze sil.
Sven Kramer
De grutte fraach is oft de coronakrisis ek gefolgen hawwe sil foar it nije reedrydseizoen, dat oer sa'n fiif moannen úteinset mei de earste kwalifikaasjewedstriden.
It ynternasjonale reedrydbûn ISU hat al witte litten dat it uterlik yn augustus beslút oer de earste wedstriden. Kramer kin him fine yn dat beslút. "Ik tink dat de ISU it hiel goed dien hat."
"Yn it begjin sil it wrâldbekerkwalifikaasjetoernoai yn Thialf net folle bak wêze. Miskien stiet it der aansen yn desimber en jannewaris wol wer hiel oars foar. En we ha noch tiid, dus litte we dy brûke."
De ûnwissichheid oer it nije seizoen sit De Jong net yn it paad: "It docht my noch net safolle. Earst mar de simmer en dan komt de winter pas."