De flagge kin yn top: Fryslân is reinbôgeprovinsje

Nei fjouwer jierren fan yntinsive lobby is it safier: Fryslân is offisjeel in reinbôgeprovinsje. In romme mearderheid fan de Steaten stimde yn mei in moasje dy't dat foarstelde. Dat betsjut dat de reinbôgeflagge yn top kin op it provinsjehûs.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
Mei dy reinbôgeflagge wurdt de solidariteit mei de homo-mienskip útdrukt. De flagge stiet foar de hiele LGBT+ beweging, in term dy't stiet foar in grut ferskaat oan seksuele oriïntaasjes en seksen.
Yn de steaten stimden Forum voor Democratie en de PVV tsjin de moasje, lykas guon leden fan it CDA en de VVD. Dy fine dat it symboalpolityk is, om in flagge op te hingjen.
Yn totaal wiene 30 steateleden foar de moasje, en 13 tsjin. Fryslân wie de iennige provinsje fan Nederlân dy't noch net offisjeel in reinbôgeprovinsje wie. Yn 2016 ha de steaten der ek al in kear oer stimd, mar doe helle de moasje it net.