Maatregels yn winkels betiizjend foar minsken mei in beheining

Dêr't foar de measte minsken de coronamaatregels dúdlik binne of ûndúdlik bliuwe, binne foar minsken mei in beheining de regels noch betiizjender. Op in winkelrút stiet bygelyks dat op yn heechst fjouwer minsken tagelyk yn de winkel wêze meie. Hoe kinne jo dat no witte as jo blyn binne?
sted beheining corona

Rinne of yn in rolstoel

Dêrneist wurde beheinden mei noch folle mear problemen konfrontearre. Dêrtroch wurde sy ûnwis en komme se noch minder bûtendoar as foar de krisis. Sa fynt Gerlof Dijk, dy't troch in ôfwiking yn in rolstoel sit, it lêstich dat oare minsken faak te tichtby him komme. "Net yn elke winkel is likefolle romte foar in rolstoel. Seker no't we oardelmeter ôfstân hâlde moatte, is dat dreger", fertelt Dijk.
Dijk fytst ek wolris troch de stêd. "Ik haw in handbike Dy kin ik oan myn rolstoel keppelje en ek dan hâlde oare minsken net altiid rekken mei my. Dat se dochs flakby my delkomme bygelyks".
Dijk fynt it spitich dat der net altiid likefolle rekken mei him hâlden wurdt of mei oare minsken mei in beheining. Hy tinkt dat er wol in idee hat hoe't dat komt. "Ien dy't gewoan rint, kin miskien hurder oan de kant stappe as ien flakby komt. Yn in rolstoel slagget dat net. Dêr binne minsken harren miskien minder bewust fan", tinkt Dijk.
© Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
Mei Theo Polet en Gerlof Dijk binne wy op it Ruterskertier yn Ljouwert

Sûnder liplêze gjin kommunikaasje

Theo Polet kin hiel min hearre ('zwaar slechthorend'). "Als ik de mensen niet goed kan zien, is het verstaan heel moeilijk", fertelt er. Yn guon winkels binne coronafoarsjenningen oanbrocht, dy't de kommunikaasje dreger meitsje, bygelyks omdat er net liplêze kin. "Soms hebben ze plastic schermen opgehangen die slecht doorzichtig zijn. Dan is het al lastig", seit Polet. "De anderhalve meter is ook al lastig, want je hebt mensen graag wat dichterbij".
Foar Theo Polet is it liplêzen in wichtich ûnderdiel fan de kommunikaasje. Mei it ferplicht dragen fan mûlkapkes yn it iepenbier ferfier kin er dan ek neat. "O, wee als ze straks ook nog mondkapjes gaan dragen. Dan is het helemaal afgelopen". Dochs sjocht Polet ek noch gjin oplossing foar minsken lykas him. "Er zijn wel mensen die hebben bedacht dat je mondkapjes kunt maken met een raampje erin, maar dat gaat hem niet worden. Dat is niet voldoende doorzichtig."

Regels by de doar

Hilda Snippe hat in erflike eachoandwaning. Oan ien each is se hielendal blyn, mei it oare sjocht se mar ien prosint. En dan ek noch wazich. Snippe hat yn de perioade dat corona yn it lân is, net mear de stêd yn west. Mar no't se der wol wer is, betinkt se hoe't se dan in winkel ynrinne moat.
"Alle borden of teksten op borden of op ramen kan ik niet zien. Ik heb mezelf voorgenomen dat ik dan eerst naar de kassa moet", fertelt Snippe. "Maar dat is niet de bedoeling, want ik moet bij de deur mijn handen desinfecteren. Heel vaak weet ik dat niet, als ik alleen op pad ga".

Stilte

Snippe wurdt der fuortendaliks mei konfrontearre dat minsken hiel ferskillend reagearje. "Je loopt eigenlijk al te ver. Mensen hebben toch de neiging dichter bij mij in de buurt te komen dan die anderhalve meter. En dat is wel heel lastig".
Snippe hat wol it idee dat minsken besykje harren bêst te dwaan, allinnich merkt se yn de stêd ek dat it hiel lestich is om te fernimmen wêr't elkenien is en wêr't minsken delrinne. "Als mensen langslopen dan praten ze ook veel minder voor mijn gevoel dan voorheen", merkt Snippe op. "Ik zie niets, dus voor mij is de stilte noch extremer. Dat maakt me onzeker, terwijl ik me altijd heel goed zelf kan redden".

Hâld rekken mei elkoar

Als mensen stil zijn en niks zeggen, zijn ze er voor mij ook niet". Hilde hopet dan ek dat minsken mear rekken hâlde wolle mei minsken mei watfoar beheining dan ek. "Kijk ook naar de ander en bedenk of je ook rekening met de ander houdt". Sels kin se net sjen oft se 1,5 meter ôfstân hat mei oaren.
"Ja, ik heb een stok, als ik die heel hard naar voren zwaai dan is die ongeveer 1,5 meter". Snippe hoopt dat minsken foaral freegje oan minsken mei in beheining wat se nedich hawwe. Sa kin der mei elkenien en elke beheining rekken hâlden wurde.
Hilda Snippe fertelt dat de tagonklikheid yn in oardelmeterôfstânmienskip dreech is foar minsken mei in beheining