Húsdokter Menaam fertroude it net, mar GGD woe net teste

It testbelied fan de GGD is net sa't it heart te wêzen, fynt húsdokter Esther Doeglas fan Menaam. Yn Menaam hawwe coronagefallen west by selsstannich wenjende minsken dy't thússoarch krije. Ek thússoarchmeiwurkers binne posityf test. Yn guon gefallen moasten dy tests by de GGD foar de helsdoarren weikomme, neffens de dokter.
Húsdokter Menaam fertroude it net, mar GGD woe net teste
Doeglas seit mei klam dat se net út is op spul mei de GGD, mar se wol wol earlik wêze. Der wiene in pear coronabesmettingen yn Menaam. De dokter fertroude it net en woe meiwurkers fan de thússoarch sa gau mooglik teste litte op corona, mar dat koe net neffens de GGD omdat de klachten net oerienkamen mei dy op it listje fan it RIVM.

Fan it kastje nei de muorre

Mei goedkarring fan thússoarchorganisaasje Palet belle dokter Doeglas doe mei it RIVM, dy't sei dat se by de Dokterswacht wêze moast. Letter waard sein dat de bedriuwsdokter sokke saken regelje moat. Se woe dat de thússoarchmeiwurkers sa gau mooglik test waarden, mar troch al dy hinne en wer skowerij en in wykein dertusken duorre en duorre it mar, en dat wylst de thússsoarchmeiwurkers thús komme by kwetsbere minsken dy't ek nochris pasjint binne by Doeglas sels.
En as it dan ta testen komt, dan sizze de testresultaten ek net altyd alles. Sa hie dokter Doeglas ris kontakt mei in pasjint dy't har yn it gesicht hoaste. Se brûkte wol beskermjende middels, mar hie gjin bril op. Dy man blykte nei in earste negative test wol corona te hawwen.
© Kitty Achterberg
Wat Doeglas stekt is dat der gjin begryp is foar har miening en soargen. De GGD en it RIVM hantearje oare rjochtlinen: minsken wurde pas test as se problemen hawwe. Húsdokters witte datst der gau by wêze moatst mei testen, seit Doeglas. Corona jout net inkeld klachten lykas hoastjen, mar ek in soad oare klachten en dy telle nei mei om yn oanmerking te kommen foar in test.

Nei 1 juny streekrjocht nei GGD, hoe sit it mei de klachten?

Fan 1 juny ôf moat in coronatest net mear by de húsdokter oanfrege wurde, mar streekrjocht by de GGD. Mar dy besiket it te ûntmoedigjen, seit Doeglas, en hoe komt it dan as minsken net de klachten fan koarts, hoastjen en de oare klachten fan it listje hawwe. Kinne minsken mei oare klachten of sûnder klachten ek delkomme foar in test?
Koartsein, der is in soad ûnrest en de GGD kin dêr in ein oan meitsje troch net mear sa heimsinnich te dwaan, fynt Doeglas. Se stiet iepen foar posityf oerlis mei de GGD.
Húsdokter Esther Doeglas oer it testbelied fan de GGD