Kramer-en-dy ride net yn Thialf mar yn Dútslân: "Dat fyn ik in minne saak"

27 maaie 2020 - 15:10

De kâns is grut dat de Nederlânske reedriders yn july nei Inzell moatte, yn Súd-Dútslân, as se ride wolle. Dat liket nearne op, seit Sven Kramer: "Dit fyn ik in minne saak."

Ferline jier lei der yn juny al simmeriis yn Thialf, mar no liket it der net te kommen. Kramer seit dat Thialf en de sportbûnen harren ferantwurdlikheid nimme moatte.

"Wûnderlik"

Net de coronakrisis, mar it ûntbrekken fan simmeriis op Thialf is neffens Kramer it grutste stroffelblok yn harren tarieding op it nije seizoen. "It is wûnderlik dat wy as prominint reedrydlân yn july nei Inzell moatte om te riden. Dat fyn ik in minne saak", fertelt Kramer woansdei by in parsemomint fan syn reedrydploech Jumbo-Visma.

Sportyf sjoen is it neffens de 34-jierrige reedrider ek needsaaklik om simmeriis te hawwen yn Nederlân. "Do sjochst dat Nederlân ûnder druk stiet op de wrâldkampioenskippen. We hawwe lêst fan de bûtenlanners. Dy komme hieltyd tichterby of ferslaan ús al. We kinne it ús sportyf net permittearje om gjin simmeriis te hawwen."

Neffens Kramer leit it probleem net allinne by Thialf, mar ek by de sportbûnen. "Spitich dat Thialf der net útkomt. En spitich dat KNSB en NOC*NSF de hannen net ynien slaan kinne om dit foarinoar te boksen."

Deputearre Sander de Rouwe die koartlyn in selde soart oprop, doe't de finansjele problemen fan Thialf oan it ljocht kamen. Mar Kramer fynt dat der ek in rol foar de provinsje weilein is. "Fansels is de provinsje oandielhâlder. Mar, ast a seist, moast ek b sizze. Want we binne in topsportlokaasje."

Foto: Orange Pictures

Ien kear yn de fjouwer jier stiet iederien yn de rige foar it langebaanriden en shorttrack, mar om dat foarinoar te krijen, jout gjinien thús.

Sven Kramer

Wis is yn elts gefal dat de rekken net by de kommersjele ploegen telâne komme moat, seit de fjouwerfâldich olympysk kampioen. "De Jumbo's en Reggeborghs fan tsjinwurdich betelje al miljoenen. De fraach is hoefolle in olympyske gouden medalje ús wurdich is."

"Yn Nederlân moat altyd alles rendabel wêze en alles draaie. Ik tink dat in olympyske gouden medalje hiel folle wurdich is, mar it is net út te rekkenjen wat dat kostje mei. Ien kear yn de fjouwer jier stiet elkenien yn de rige foar it langebaanriden en shorttrack, mar om dat foarinoar te krijen, jout gjinien thús."

En dus tôget Kramer mei syn ploechgenoaten wierskynlik yn july nei it Súd-Dútske Inzell. "Mei al dy coronamaatregels sil it yn it bûtenlân net makliker wurde."

(advertinsje)
(advertinsje)