Fjouwer Fryske sylskoallen meie dizze simmer los mei sylkampen
Fjouwer sylskoallen yn Fryslân meie dizze simmer los mei sylkampen. Se hawwe grien ljocht krigen fan de Veiligheidsregio. It giet om sylskoalle Het Molenhuis yn Wâldsein, sylskoalle De Veenhoop op De Feanhoop, sylskoalle Pean yn Akkrum-Nes en De Kikkert op De Lemmer.
Jeroen Wolthuis fan Het Molenhuis en De Kikkert fynt it it alderwichtichste dat se kursisten wer in moaie en learsume wike jaan kinne. "We hadden er niet aan moeten denken komende zomer, na een vervelende periode voor iedereen, dicht te moeten blijven. Het is mooi om te zien hoe een drietal jonge Friese zeilschoolondernemers gezamenlijk zijn opgetrokken om zich hard te maken voor de sociaal-maatschappelijke belangen die jeugdzeilkampen vervullen."
De sylskoallen sizze dat in firus neat nijs is foar harren. Om't se mei bern en jongerein wurkje, binne se bekend mei bygelyks besmetlike búkgryp- en norofirussen. Om dêr goed mei om te gean, brûke de sylskoallen in ynfeksje- en previnsjeplan en stean se yn kontakt mei de GGD.
Alle fjouwer sylskoallen hawwe berjocht krigen fan harren gemeente. Hoewol't de útspraak ferwachte waard, is der grutte opluchting by de sylskoallen.
Mei stipe fan de brânsjorganisaasjes en it Watersportverbond hawwe de sylskoallen sels it inisjatyf naam om mei de Veiligheidsregio om tafel te gean. Noch foardat der in lanlik beslút falt oer de ferskate non-profitbernekampen, is dizze bedriuwen al tasein dat se fan 1 july ôf kampen draaien meie.
Wille en feiligens
"Sylkampen binne bedriuwen dy't somtiden al 50 jier oan strange rjochtlinen foldwaan moatte", fertelt Rienk de Jonge fan sylskoalle Pean. "Ek is der foar in kapitaal oan goed materiaal nedich om wille en feiligens te waarboargjen. Mei dêrtroch is in stichting of in groep frijwilligers faak net genôch yn steat om dit te garandearje te kinnen. In sylskoalle is profesjoneel en goed organisearre", seit De Jonge.
Sylskoallen hawwe dêrom al tastimming krigen foar de kampen.