Binne de ekstra boaten nei Skylge en Flylân wol genôch? Provinsje oerleit mei belutsenen

De provinsje Fryslân giet freed yn oerlis mei rederij Doeksen, Rykswettersteat en de Veiligheidsregio oer de kapasiteit op de fearboaten nei Flylân en Skylge. Deputearre Avine Fokkens sei dat woansdei yn Provinsjale Steaten yn har antwurd op fragen fan CDA-Steatelid Rendert Algra. Dy is benaud dat de kapasiteit by Doeksen de kommende simmerfakânsje noch hieltiid te lyts wêze sil.
Regina Andrea fan rederij Partyvaart Neptunus © Doeksen
Deputearre Avina Fokkens oer fearboaten
Doeksen set de kommende tiid twa âlde boaten yn: de Ms Friesland en de sleepboat Ms Holland. Dêrnjonken kin de rederij de Regina Andrea fan Partyvaart Neptunus út Harns ek brûke om passazjiers fan en nei de eilannen te bringen.
Deputearre Fokkens is bliid mei de ekstra boaten. De deputearre wie tiisdei op Skylge om te praten mei ûndernimmers dêr. Neffens frou Fokkens is it nijs oer de ekstra boaten posityf ûntfongen op it eilân. Dy alde boaten hawwe in soad minsken in dierbere oantinken oan. Guonts hawwe al oanjûn dat se wol efkes op dy âlde boaten in tochtsje op en del meitsje wolle.

Yn spielende rein oan dek

Fokkens wol freed mei de belutsenen oerlizze oer de gong fan saken, want hoe komt it as it echt drok wurdt yn de simmerfakânsje? Ast inkeld dektickets ferkeapest, omdat der gjin plak is om binnendoar te sitten, en it is moai waar op de hinnereis, is dat gjin probleem. Mar as de rein op de weromreis mei bakken út de himel komt, en elkenien wol ûnderdak sitte, dan hast wol in probleem, sa seit se.

Attraksje

De ekstra boaten kinne trijehûndert ekstra passazjiers ferfiere. De VVV op Skylge kriget positive reaksjes op de ekstra boaten, mar Michel Aaldering fan de VVV wol earst ris sjen hoe rap oft it giet mei dizze boaten en mooglik ek mei de ynset fan de brune float.
Ek hy fertelt dat de oertocht mei de âlde boaten by in soad minsken oantinkens oan eartiids opropt. Foar harren is it ekstra attraksje. Se hiene altyd noch wolris meifarre wollen mei de âlde boat en dat kin no. De VVV sjocht it tal online boekingen wer tanimmen. Minsken doare wer te boeken.
Michel Aaldering fan de VVV Skylge oer de ekstra oerfarmooglikheden