Cambuur kin Mühren folgjend seizoen net nochris hiere

SC Cambuur kin Robert Mühren net noch ris hiere. De Belgyske klup dêr't de spits ûnder kontrakt stiet, Zulte Waregem, wol him allinnich ferkeapje. It kontrakt fan Mühren yn België rint oer in jier ôf en dus kin Zulte no noch jild foar him freegje.
© OrangePictures
It betsjut dat de kâns lytser wurdt dat Cambuur Mühren behâlde kin. De Ljouwerters hawwe troch de coronakrisis en it net promovearjen in finansjele skea fan sa'n oardel miljoen euro. It jild dat yn it spilersfûns sit, sil de klup net brûke om Mühren te keapjen, sei technysk manager Foeke Booy moandei yn de SportCast fan Omrop Fryslân.

Boppedat binne der noch mear kapers op de kust. Neist Cambuur en FC Volendam is der ek ynteresse foar Mühren út Saûdy-Arabië wei, sa hat Zulte-Waregem befêstige.