Smellingerlân hat posityf resultaat fan 7,8 miljoen euro oer 2019

De gemeente Smellingerlân hat har jierrekken 2019 ôfsletten mei in posityf resultaat fan 7,8 miljoen euro. Dat is ûnder mear it resultaat fan de saneamde 'Fair Deal', dy't de gemeente yn 2019 sleat mei Caparis.
Gemeentehûs Smellingerlân © Omrop Fryslân
De gemeenten Hearrenfean, Ljouwert, Opsterlân en Smellingerlân sleaten de Fair Deal om ferantwurdlikens foar en it direkte sizzenskip oer it nije Caparis te fersterkjen. De gemeenten Achtkarspelen, Eaststellingwerf, Tytsjerksteradiel en Weststellingwerf joegen hun eigenerskip op, mar woene wol tsjinsten ôfnimmen bliuwe. Mei de deal is in berekkening makke fan wat it oandiel fan dy gemeenten is yn Caparis om sa de oare gemeenten út te keapjen. Dit levere in resultaat op fan 1,8 miljoen euro.
Dêrneist foelen de lesten op it sosjale domein 3,4 miljoen euro leger út as ferwachte. De gemeente foarsei earder yn 2019 in stiging fan kosten fan 3 miljoen euro en grypte yn. Dat hie it winske effekt.