PvdA-Steatefraksje ûndertekenet foarstel koälysje oer oanpak stikstof net

27 maaie 2020 - 11:15

De provinsje moat folle mear te sizzen krije oer de oanpak fan it stikstofprobleem. Dat fine de Fryske koälysjepartijen VVD, FNP en CDA. Se tsjinje dêrom op de steategearkomste fan woansdei in moasje yn dy't de minister dêrta opropt. Trije koälysjepartijen hawwe de moasje ûndertekene, mar de fjirde, de PvdA net.

PAS-gebieten yn Fryslân (Programma Aanpak Stikstof) - Foto: Provinsje Fryslân

Sa'n moasje jout oan dat minister Carola Schouten har húswurk oerdwaan moat, want sy fynt ek dat de provinsjes mear de rezjy krije moatte oer de útfiering fan it stikstofbelied, seit Hetty Jansen, fraksjefoarsitter fan de PvdA yn de Fryske Steaten. Dy toan kin de PvdA-Steatefraksje net achter stean.

Ophâlde mei buorkjen

De yntsjinners jouwe mei de moasje oan dat bedriuwsbeëiniging yn de buert fan natuergebieten net oan de oarder wêze soe. Neffens Jansen binne der yn it belied fan minister Schouten hjir en dêr bêst oplossingen foar natuergebieten en minder stikstofdeposysje yn de natuer. Boppedat binne der boeren dy't sels oanjûn hawwe dat se ophâlde wolle mei buorkjen.

De PvdA is fan betinken dat minister Schouten in goede balâns biedt tusken it belang fan de boer en it belang fan de natuer en hat der gjin ferlet fan om oare sinjalen nei Den Haag ôf te jaan.

Natuernetwurk

Wat ek noch meispilet, is dat de steatefraksje fan de PvdA yn it koälysjeakkoart opnimme litten hat dat it Fryske diel fan it nasjonale natuernetwurk der komme moat. De Natura 2000-gebieten moatte ynrjochte wurde foar natuer. Dat wurdt ek net ûntkend yn de moasje, seit Jansen. Allinnich, wat yn de moasje stiet, jout in oare trend oan nei de minister en dêr wol de fraksje fan de PvdA yn de Fryske Steaten net oan meidwaan. De PvdA stiet dus net achter de moasje.

De opstelling fan de PvdA op dit stik fan saken hat wat Jansen oanbelanget gjin gefolgen foar de gearwurking yn de koäysje.

Hetty Jansen

Trefwurden: 
PvdA stikstof
(advertinsje)
(advertinsje)