Wente yn Surch trije moannen sletten om himpkwekerij
Boargemaster Jannewietske de Vries fan Súdwest-Fryslân hat tiisdei in drugswente oan It Leech yn Surch foar trije moannen sletten.
Ut plysje-ûndersyk die bliken dat de bewenner in himpkwekerij mei 251 planten hie. Om't it giet om in hannelshoemanichte softdrugs hat de boargemaster besletten it pân foar trije moannen te sluten.