Kollum: "Betelle frijheid"

"Wy Friezen binne in frij folk. Untstien út boeren en skippers. De rest fan it folk hat dat meikrigen. Frij wêze, ûnôfhinklik. Dêrom is it logysk dat de wethâlders fan Dantumadiel sels wer wat amtners ha wolle. Se diele dy amtners no mei de gemeente Noardeast-Fryslân. Dan ha je dus net altyd alles oer harren te sizzen. En boargemaster Klaas Agricola wol in eigen alkoholamtner, want se sûpe dêr nochal wat, en ien dy't de riedsleden wat fatsoen bybringt.
© Omrop Fryslân
De Toan fan Eelke Lok
Dantumadiel smiet de amtners in pear jier lyn yn de noardeastelike fúzjebak, de bestjoerders gienen har eigen frije wei. Bestjoere wol net as je amtner seit dat je efkes wachtsje moatte, want hy is dwaande mei de romtlike oardening fan Holwert oan See, dat kin noch wol in pear jier duorje.
Eigen amtners. Dat kostet dik trije miljoen yn it jier. Wêr't soks fan betelle wurde moat, is net dúdlik. Der is mar ien ding echt dúdlik: dat elkenien bûten Dantumadiel yndertiid sein hat dat it net wurkje soe. En dat is ek sa. It blykt mar wer dat we hjir net mei soksoarte frijheden omgean kinne. De provinsje hie yndertiid sizze moatten dat dit in ûnlogyske, net wurkbere en dus net tastiene kar wie.
Frjemd foar it oare dat de FNP'er yn de ried, Ferry van der Ploeg, nét wol dat Dantumadiel sels wer amtners krijt. Wylst de FNP dochs altyd tsjin fúzjes west hat, dus soks hie him as it Frysk folksliet yn de earen klinke moatten. Dat is net sa. Gjin idee wêrom't dy man dwers tsjin syn eigen partij stiet. Of miskien inkeld om't de lju dy't foar de fúzje wienen no ynienen dêr wer dwers op stean. Dwers tsjin dwers, de ried fan Dantumadiel eigen.
We ha it no dochs oer de FNP. Dy hie net yn de provinsje of yn de ried fan Dantumadiel sitte moatten, mar yn de Twadde Keamer. Dêr wurdt nammentlik hieltyd wer oan Fryslân omklaud. Sa wol minister Slob no de subsydzje oan Tresoar stillizze. Ik soe sizze logysk, Tresoar is by útstek in provinsjaal orgaan, dêr moat de provinsje, wy dus, him sels mei rêde.
As je oan Tresoar freegje wat se dogge, sizze se: wy binne it bewarplak fan de Fryske skiednis. Dêrmei dogge se harsels tekoart. Of se moatte sizze dat de skiednis ek juster healwei tolven wie. Je kinne der alles fine.
Bygelyks dat Dantumadiel, mar ek hiel Fryslân, net mei frijheid omgean kin. As we it oars ha wolle as it gewoanwei giet, dan rjochtsje we sels in kommisje, feriening, partij, stifting of wat dan ek op. Benammen yn de taal ha we der safolle fan dat we it sels noait mear iens wurde en dan binne je foar it Ryk maklik út te skeakeljen.
Tresoar hat de tsjinstridige hâlding. Dy ha fan it begjin oan alle ferskillende dingen by elkoar socht en dêr in sintraal gehiel fan makke. Inkeld de Akademy woe noait meidwaan en dy kin dan ek hast begroeven wurde.
Yn de eagen fan Slob is Tresoar lykwols neat oars as in hoeder fan de skiednis. Dan komme dy frije Friezen en sizze dat Tresoar ek soarget foar taal en kultuer. Ja, je kin alles wol mei dy Fryske taal begrieme. En alles útsein sport is kultuer, dus dat kin ek wol. Fine se dan dat Slob no neitinke moat oer "de Skiednis fan Fryslân", in boek út 1953 fan Douwe Kalma. Hy hat it yn it Frysk skreaun, moat Slob dêrom no Tresoar bestean litte. En hoe moat dat mei de notulen fan de Alvestêdetochten, dy lizze ek yn Tresoar, mar dy binne allegear yn it Hollânsk.
Frijheid, ûnôfhinklik wêze, is it goede wurk fan Tresoar net op te hingjen oan petearen tusken Sietske Poepjes en Arie Slob. Dêr komt inkeld mar in ferkearde heale tuskenoplossing fan. Frijheid betsjut dat je mei it boarst foarút sizze kinne: wy bewarje ús eigen skiednis, en om my ús taal en kultuer. Mar we dogge dat op ús eigen wize. De wize fan Tresoar. En dat betelje we sels wol."