Pleatslik Belang Bûtenpost net iens mei ekstra stop sneltrein yn Feanwâlden

27 maaie 2020 - 06:37

It pleatslik belang fan Bûtenpost is fernuvere dat de ekstra sneltrein tusken Ljouwert en Grins aanst twa kear stilhâldt yn Feanwâlden, en mar ien kear yn Bûtenpost. Oant dit jier rydt der alle oeren ien sneltrein oer it trajekt en dy docht allinnich Bûtenpost oan. Yn desimber komt der in ekstra sneltrein by. Fan dan ôf hâldt de iene sneltrein stil yn Feanwâlden en Bûtenpost en de oare yn Feanwâlden en Zuidhorn.

It stasjon fan Feanwâlden - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Yn Bûtenpost binne se net bliid mei de nije plannen. "Buitenpost is natuurlijk een veel groter station. Dat trekt veel meer reizigers. Dat is ook logisch, want het heeft veel meer achterland dan Feanwâlden", fynt Marianne Rigter, foarsitter fan Pleatslik Belang Bûtenpost. De trein is bygelyks ek wichtich foar de regio's Kollum en Surhústerfean.

Ek soe Bûtenpost neffens it Pleatslik Belang fanwegen de sintrale lizzing in logysker plak wêze. "Bovendien trekt Feanwâlden-Ljouwert niet veel extra reizigers, want de tijd die de trein er korter over doet, stelt niet zo veel voor".

Gemeente Achtkarspelen hat ynstimd mei de plannen en sjocht der dus oars nei. Der komt in nij Transferium yn Feanwâlden, dat in stimulâns foar de regio wêze moat en goed te berikken fan de Sintrale As ôf. Rigter: "Wij mochten daar geen advies over geven." Mei de plannen feroaret der lykwols net in soad foar Bûtenpost. De iene sneltrein dy't nei it plak rydt, bliuwt der. It Pleatslik Belang hopet noch prate te kinnen mei de polityk en oare belanghawwenden.

Marianne Rigter fan Pleatslik Belang Bûtenpost

(Advertinsje)
(Advertinsje)