Liveblog | 27 maaie 2020

Coronanijs fan 27 maaie: Sportskoallen op 1 july iepen; twa nije testlokaasjes yn Fryslân

Folgje hjir al it lêste nijs rûnom it coronafirus.
Lêst bywurke: 2 novimber 2020, 16:47
23:00

Ein fan dit liveblog

We binne oan de ein kaam fan dit liveblog fan woansdei 27 maaie. Dit wie it wichtichste nijs fan dizze dei:
Elkenien tank foar it folgjen!
22:57

Museum Joure wer iepen op 1 juny

Museum Joure op De Jouwer iepenet op 1 juny wer de doarren foar it publyk. It museum hat ferskate maatregels nommen, om de besikers op ferantwurde wize ûntfange te kinnen. Elkenien moat yn it foar online in kaartsje reservearje, der is in rinrûte makke en it museumkafee De Túnkeamer bliuwt ticht. Besikers kinne wol yn de museumtún in bakje kofje of tee keapje. Boppedat wurdt it museum ekstra skjinmakke.
"Vanwege het coronavirus zijn we op 14 maart dichtgegaan", fertelt direkteur Iris Nutma. "Na ruim 10 weken stilte in ons museum, zijn we heel blij dat we de deuren weer kunnen openen en publiek kunnen ontvangen."
© Museum Joure
22:06

Fideodeiboek fan muzikant Sander Metz

Beropsmuzikant Sander Metz wit net wêr't hy oan ta is. Is it op dit stuit net dúdlik wannear't artysten wer optrede meie. Mar Metz is noch altyd posityf. "Ik heb geleerd van deze tijd dat ik niet stil moet zitten en moet denken in oplossingen", seit er yn syn vlog. Mear vlogs fan Sander Metz en de oare vloggers fan de rige 'Berjochten út it hert' sjen? Dat kin fia dizze dossierside.
Sander Metz
22:04

Blydskip oer earder iepenjen sportskoallen

Eigener Erwin Boonstra fan sportskoalle Ursus yn Ljouwert is tige bliid mei it beslút dat sportskoallen fan 1 july ôf de doarren wer iepenje meie. Ek de sauna's en kasino's meie wer iepen, sa hat premier Mark Rutte woansdei bekend makke. It wie de bedoeling dat de sportskoallen, sauna's en kasino's pas yn septimber wer iepen gean soene. In soad sportskoallen fûnen dat te let, se wiene benaud foar in faillissemint. "Dan was minstens de helft van de ondernemers omgevallen, dat was bijna niet te doen", seit Boonstra.
20:54

GGD Fryslân begrypt krityk Menamer húsdokter

De GGD hat foldwaande meiwurke oan it dwaan fan testen by de coronaútbraak yn Menaam. Dat seit dokter Everhart Hofstra fan de GGD, yn reaksje op krityk fan húsdokter Esther Doeglas fan Menaam. GGD Fryslân hat begryp foar de dokter, mar hâldt fêst oan it testbelied sa't dat der is.
De ûnderfining dêrmei is goed, seit Hofstra. "Wij testen mensen die klachten hebben. Dokter Doeglas had gehoopt dat wij mensen zonder klachten zouden testen, maar dat doen wij niet, uitzonderingen daargelaten. Testen van mensen zonder klachten zijn minder nuttig en minder bijdragend bij bron- en contactonderzoek."
Der wiene in pear coronabesmettingen yn Menaam. De pleatslike húsdokter fertroude it net en woe meiwurkers fan de thússoarch sa gau mooglik teste litte op corona, mar dat koe net neffens de GGD, omdat de klachten net oerienkamen mei dy op it listje fan it RIVM.
19:45

Coronamaatregels betiizjend foar beheinden

Dêr't foar de measte minsken de coronamaatregels dúdlik binne of ûndúdlik bliuwe, binne foar minsken mei in beheining de regels noch betiizjender. Op in winkelrút stiet bygelyks dat op yn heechst fjouwer minsken tagelyk yn de winkel wêze meie. Hoe kinne jo dat no witte as jo blyn binne?
Dêrneist wurde beheinden mei noch folle mear problemen konfrontearre. Dêrtroch wurde sy ûnwis en komme se noch minder bûtendoar as foar de krisis. Sa fynt Gerlof Dijk, dy't troch in ôfwiking yn in rolstoel sit, it lêstich dat oare minsken faak te tichtby him komme. "Net yn elke winkel is likefolle romte foar in rolstoel. Seker no't we oardelmeter ôfstân hâlde moatte, is dat dreger", fertelt Dijk.
sted beheining corona